Agnes Obel
Appearance
Agnes Caroline Thaarup Obel ( Kopenhagen, 28 oktober 1980 ) is in Deenske singer/songwriter.
Obel komt út in muzikale famylje en trochrûn it Det frie gymnasium en studearre oan de Universiteit fan Roskilde. Obel spile yn de band Sohio en in oktober 2010 kaam har earste solo-cd Philharmonics út fia PIAS. Obel spilet meast tegearre mei de Dútske selliste Anne Ostsee (Anne Müller). Yn 2011 wie se te sjen op Into the Great Wide Open op Flylân.
Hja spile in roltsje yn de koarte folm Drengen der gik baglæns út 1995 van Thomas Vinterberg.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2010 - Philharmonics
- 2013 - Aventine
- 2016 - Citizen of Glass
- 2020 - Myopia
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Agnes Obel fan Wikimedia Commons. |