[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Adriaan Anker

Ut Wikipedy

Adriaan Anker (Oost- en West-Souburg, 7 septimber 1920Amsterdam, 4 july 1991) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.

Hy wie in soan fan Adriaan Pieter Anker (1882-1940) en Willemina Dekker. Hy begûn syn amtlike karriêre foar de Twadde Wrâldoarloch as folontêr yn Serooskerke. Fan 1942 oant 1946 wurke er yn St. Philipslân. Yn 1946 makke hy de oerstap nei de gemeente Heerhugowaard. Hy wie kommys by de gemeentesekretary fan Dantumadiel foar't er yn desimber 1955 boargemaster fan Flylân waard. Syn âldere broer Jacobus Anker hie dêr yn 1945 in skoft waarnimmend boargemaster west foar't er boargemaster fan Skiermûntseach wurde soe.
Adriaan Anker waard yn novimber 1966 boargemaster fan de gemeenten Nieuwe Niedorp, Oude Niedorp en Winkel (yn West-Fryslân). Yn 1970 fusearren dy gemeenten ta de gemeente Niedorp, dêr't er de boargemaster fan waard en oant syn pensjonearring yn oktober 1985 bliuwe soe.
Anker ferstoar mids 1991 yn de âldens fan 70 jier.

It 'Burgemeester Ankerplein' yn Nieuwe Niedorp is nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: