[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Anna Joustra

Ut Wikipedy
Anna Joustra
keunstner
Anna Joustra
Anna Joustra
persoanlike bysûnderheden
berne 24 septimber 1876
berteplak It Oranjewâld
stoarn oktober 1962
stjerplak It Hearrenfean
wurkpaad
wurksum as keunstskilder
streaming ympresjonisme
jierren aktyf 1891-1962
offisjele webside
RKD-profyl

Anna Joustra (It Oranjewâld, 24 septimber 1876It Hearrenfean, oktober 1962) wie in ympresjonistysk keunstskilder.

Se waard berne as dochter fan Ytia Andreas Tjaarda en Tsjerk Joustra. Tsjerk eksploitearre it loazjemint Heidewoud (letter Hotel Tjaarda) foar syn skoanheit Jan Tjaarda. Yn 1881 emigrearre de húshâlding nei Amearika. De famylje kaam ein 1890 werom en fêstige har yn It Mar (by It Hearrenfean) by de Feanslûs. Anna skildere yn har jeugd in soad tsjustere stillibbens en lânskippen. Har âldste wurk is fan rûn de iuwwikseling.

Mei jild fan famyljeleden koe se yn Parys studearje oan in skildersakademy. Oant 1930 studearre se oan de Paryske keunstakademy by de Jardin du Luxembourg. Yn 1938 fêstige se har definityf yn Frankryk. Se rekke beynfloede troch it wurk fan Pissaro, Gauguin en Cézanne. Fan har oarspronklike romantysk realisme waard har styl ympresjonistysk.

Nei de dea fan har âlden reizge se regelmjittich op en del tusken Parys, Brévannes en har hûs oan de Feanslûs. Ut dy tiid datearje de portretten fan har susters Julia en Jacomina. Yn Oranjewâld besocht se regelmjittich har neef Andreas Tjaarda, de eigner fan Hotel Tjaarda. Yn it túnhûs efter it restaurant fan har suster Julia yn Poissons hie se in atelier.

Anna Joustra wurke meast mei oaljeferve op linnen, karton en board. De measte fan har wurken binne net tekene.

Anna Joustra hie ien famyljelid dy’t geregeldwei by har yn Parys kaam. Mar op lettere leeftyd seach hy net mear nei har om. Yn 1954 naam se har yntrek yn it yn It earmhûs Nij Friesburg Falkenawei Hearrenfean. Har famyljelid wenne in pear hûndert meter fierderop yn in grut hûs. Hja hat dêr noch besocht om te skilderjen, mar dat slagge net. Yn oktober 1962 soe se ûntroud ferstjerre yn Nij Friesburg.

Har suster Jacomina skonk mear as tweintich skilderijen oan de Aldheidkeamer fan Museum Willem van Haren. Ta de kolleksje hearre ek portretten fan Julia en Jacomina. Anna Joustra hat nea erkenning krigen. Se die der ek net folle moeite foar. Se ferkocht noait wat, mar joech har skilderijen wei.

Foar de tentoanstelling ta gelegenheid fan de offisjele yn gebrûkname fan it restaurearre kafee Feanslûs yn 2012 stelde Museum Willem van Haren in grut part fan har kolleksje skilderijen beskikber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer har libben
  • Harry de Jong - Anna Joustra, útjefte fan de Aldheidkeamer Hearrenfean, Taconis-rige nr.2
  • Talentvolle vrouw eindigde in armhuis in Heerenveen, Leeuwarder Courant, 7 oktober 1981