[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Anko Stelma

Ut Wikipedy
Oker

Anko Stelma (Ljouwert, 1956) is systeembehearder en byldzjend keunstner út Ljouwert. Ek syn frou Erna Stelma-van der Veen (Ljouwert, 1957) is byldzjend keunstner.

Op de middelbere skoalle makke Anko al tekeningen yn opdracht, meast portretten. Syn foarleafde foar tekenjen en skilderjen wreide er út mei spekstien snijen yn 2006. Spekstien is in sêfte stiensoarte dy't troch fyljen, skuorjen en seagjen bewurke wurde kin. Dat docht er simmerdeis bûten yn de tún fanwege it stowen.

Yn 2008 wie der in eksposysje fan syn wurk yn de bibleteken fan Gytsjerk en Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: