[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Christiaan Moll

Ut Wikipedy

Christiaan Hendrik Moll (Harderwyk, 1 juny 192328 febrewaris 1998) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.

Hy waard berne as soan fan dr. Jakob Moll (1889-1952), rektor fan it Kristlik Lyseum yn Hurderwyk, en Jolina Wielinga (1894-1955). Hy studearre ôf yn de rjochten en gie yn 1956 oan't wurk by de gemeente Ljouwert. Yn 1959 ferruile er dy gemeente foar de gemeente Utingeradiel dêr't er it ta kommys brocht. Yn oktober 1961 waard er boargemaster fan de gemeenten Kwadijk, Middelie en Warder yn Noard-Hollân en fan 1970 ôf wied er boargemaster fan Callantsoog. Ut reden fan sûnens waard him yn maaie 1976 ûntslach jûn. Dêrnei ferhuze er nei Fryslân.

Yn 1998 stoar Moll yn de âldens fan 74 jier en waard beïerdige op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.