[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Castillo de La Mota

Ut Wikipedy
Castillo de La Mota
  kastiel
Lokaasje
lân flagge fan Spanje Spanje
regio Kastylje-Leön
provinsje Valladolid
plak Medina del Campo
koördinaten 41° 18' N 4° 54' E
Skiednis
stiftingsjier 14e iuw-15e iuw
hjoeddeiske steat yntakt nei restauraasje
Oars
type hichteboarch
Kaart
Castillo de La Mota (Spanje)
Castillo de La Mota

Castillo de La Mota is in midsiuwsk kastiel yn de stêd Medina del Campo yn de autonome regio Kastylje en Leön. It kastiel stiet op in hichte (la mota) en troanet boppe de stêd út. Eartiids tsjinne it foar de ferdigening en as militêre basis. Sûnt 8 novimber 1904 is it kastiel in bien de interés cultural, in monumint fan kultureel-histoarysk belang.

De hichteboarch is foar it measte út de foar dy omkriten typyske ljochtreade bakstien boud. Dat is karakteristyk foar de Spaansk-Arabyske kastielen yn de mudejarstyl. Allinne de details lykas wapens en sjitgatten binne fan natoerstien makke. De regelmjittige gatten yn 'e bûtenmuorren wiene eartiids foar de balken dy't de houten steigers drage moasten.

Ien fan de meast opfallende ûnderdielen fan it kastiel is de Barbakane, it fersterke bûtenwurk mei sjitgaten om it kastiel hinne. Fan de boaijem fan de omlizzende grêft ôf hat dy ringmuorre in hichte fan hast 20 meter.

Rekonstruearre binnenhôf

De grutte fjouwerhoekige binnenhôf wurdt omsletten troch fjouwer tuorren, dêr't de wenromten wiene. It kastiel hat in fiif ferdjippingen hege torre del homenaje, in donjoneftige haadtoer. Mei 44 meter is it de heechste kastieltoer fan hiel Kastylje. Underdiel fan it kastiel is ek de kapel Santa María del Castillo.

De tagong wie eartiids oer in falbrêge, mar tsjintwurdich wurdt de poarte ferbûn mei in fêste houten brêge. De poarte bestiet út de tagong tusken twa tuorren. Oer de tagong is in gevelstien mei it keninklike wapen fan de katolike keningen ynmitsele.

It kastiel giet op de 11e iuw werom doe't tusken 1070 en 1080 Medina del Campo op de heuvel La Mota stifte waard. De earste kearnboarch stamt út de 13e iuw. De âlde fûneminten dêrfan lizze noch jimmeroan yn it súdwestlike diel fan it kastiel. Yn 1390 joech Jehan I fan Kastylje de stêd mei it kastiel oan syn doe sânjierrige soan Ferdinand, de lettere kening fan Aragón. Nei dy syn dea erfde syn soan Jehan fan Aragón it kompleks, dy't yn 1397 (of 1398) yn Medina del Campo berne wie.

De 'Torre Homenaje' draacht noch spoaren fan de kûgels fan katapulten

Nei de dea fan Ferdinand I ûnstie der striid tusken Jehan II fan Kastylje en syn neven, de soannen fan Ferdinand I. Dêrtroch wiksele it besit fan de stêd ferskillende kearen, dy't ek tydlik dield waard. Wylst de Aragonezen de heuvel besieten, hie Jehan II de stêd yn hannen. Yn dy tiid fan strideraasjes yn de earste helte fan de 15e iuw liet Jehan fan Aragon de fêsting útwreidzje.

Om syn oanspraken yn Kastylje definityf feilich te stellen, marsjearde Jehan fan Aragón yn 1445 mei troepen fan Navarra út Kastylje yn. Yn de Slach by Olmedo moast er mei syn bruorren en oare leden fan de Kastiliaanske adel dochs belies jaan. Medina del Campo en it kastiel foelen definityf yn hannen fan de Kroan fan Kastylje.

Hindrik IV fan Kastylje, de soan fan Jehan II, joech yn 1460 opdracht ta de bou fan de torra de la mota. Yn 1464 skonk Hindrik it kastiel oan de aartsbiskop fan Toledo, Alfonso Carrillo. De biskop soe lykwols yn 1465 meidwaan oan de rebelly tsjin Hindrik, de Farse fan Ávila, om syn alvejierrige healbroer Alfûns fan Kastylje te kroanen. Tusken 1465 en 1468 wiene der jimmeroan wer wapene konflikten tusken Hindrik's troepen en troepen dy't Alfûns op de troan woene. Nei't Alfûns op 5 july 1468 ferstoar bêde de rebelly gau del mei't dy hielendal oer de persoan fan Alfûns gyng. It eigendom fan it kastiel gie dêrnei ferskillende kearen yn oare hannen oer.

Nei de dea fan Hindrik yn 1474 waard it kastiel yn 1475 troch de famylje Fonseca oan de katolike keningen, Hindrik's suster Isabella fan Kastylje en har man Ferdinand II fan Aragón, oerdroegen. Hja wreiden it kompleks fierder út mei ferdigeningswurken. De ringmuorre hat ferskillende, meiïnoar ferbûne ûnderierdske gongen en romten dy't de ferdigening fan it kastiel ferbetteren. Under Hindrik IV en de katolike keningen tsjinne it kastiel ek foar it ûnderbringen fan de keninklike argiven. Keninginne Isabella mocht graach op it kastiel wêze en de keninklike famylje wie der dan ek regelmjittich.

It Castillo de La Mota tsjinne yn de 16e iuw as finzenis. In bekende finzene wie Cesare Borgia, dy't yn 1504 op oantrunen fan kening Ferdinand II yn Napels oppakt wie en nei Spanje brocht waard. Yn oktober 1505 wist er op in spektakulêre wize mei help fan in siden tou út de toer te flechtsjen.

Letter tsjinne it kastiel fanwegen de grutte ek as militêre basis en as opslach foar de artillery. Der waard yn de tiid fan de Kastiliaanske Comuneros-opskuor tusken 1520 en 1522 tsjin de Habsburgske kening Karel I fûleindich fochten om de stêd en it kastiel.

Tusken 1540 en 1561 siet de conquistador Hernando Pizarro finzen yn it kastiel.

Sûnt de 17e iuw rekke it kastiel stadichoan yn it neigean. Jimmeroan waarden dielen reparearre, mar de algehiele tastân waard oant de 20e iuw hieltiten minder.

Yn 1904 waard it kastiel ta nasjonaal erfgoed ferklearre. Dy belangstelling fan de kant fan de oerheid late derta dat yn 1905 mei de earste restauraasjes útein set waard. Tusken 1913 en 1916 waarden de by eardere besjittings fernielde kantelen en dielen fan de boarstwarring neffens noch besteande orizjinele dielen rekonstruearre. Ek de tuorren en warharkenielen waarden restaurearre.

It kastiel waard op 19 april 1937 nei de Spaanske Boargerkriich troch Franco oerdroegen oan de frouljusôfdieling fan syn partij Falange Española Tradicionalista y de las Juntas de Ofensiva Nacional Sindicalista (FET y de las JONS). Yn Franco's tiid waard it kastiel fierder restaurearre; sa waard û.o. de binnenhôf neffens histoarysk foarbyld yn de mudejarstyl hielendal werboud.

By in arsjitektonyske en histoaryske ynventarisaasje fan it kastiel oan it ein fan de 20e iuw, waard it kompleks foar it earst yngreven ûndersocht en it systeem fan de ûnderierdske gongen en keamers yn kaart brocht.

Nei in grutte renovaasje fan de haadtoer is dy sûnt 2010 wer foar toeristen iepen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Castillo de La Mota