[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Cambridge (Ontario)

Ut Wikipedy
Cambridge
Iepenbiere bibleteek Galt oan de Grand
Iepenbiere bibleteek Galt oan de Grand
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Ontario
Regio Waterloo
Sifers
Ynwennertal 126.748 (2011)
Oerflak 112,86 km²
Befolkingsticht. 1122 / km²
Hichte 329 m
Oar
Stifting Jnnewaris 1973
Tiidsône UTC-5
Offisjele webside
www.cambridge.ca

Cambridge is in stêd (city) yn Kanada yn de provinsje Ontario.

De stêd leit sa'n 90 km bewesten Toronto, de grutste stêd fan it lân. Cambridge is ien fan de saneamde Tri-City-Stêden: Cambridge, Kitchener en Waterloo oan de Grand River.

Cambridge hie yn 2011 126.748 ynwenners en is krekt as de measte oare stêden yn Ontario Ingelsktalich. Dochs hat Cambridge ek meardere skoallen dêr't yn it Frânsk ûnderrjochte wurdt.

It Cambridge fan no is in gearfoeging fan de City of Galt, de towns Preston en Hespeler en de buorskip Blair.[1] Galt beslacht it grutste part fan Cambridge, it is de súdlike helte fan de stêd.

Nei it ûntstean fan Cambridge binne de iepenplakken tusken de oarspronlike gemeente starichoan opfold. Sa is der in tige modern fjirde hannelssintrum ûntstien. De Macdonald-Cartier Freeway, Highway 4, rint der dwers trochhinne.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]
  2. City Archives Historical Information-Evolution of Cambridge