Tsjerkeklok
In tsjerkeklok is in klok dy't by in tsjerke heart en troch te lieden de tiid of in boadskip oanjout.
Yn de ier-kristlike tiid hie men gjin oerwurken. It begjin fan de tsjerketsjinsten en de tiden foar it gebed moast de tsjerkeklok dus oanjaan. Dêrmei regele it lieden ek it deiske libben, wurktiden en itenstiden. Dit bleau sa, ek nei de Reformaasje, ek doe't eltsenien in klok yn'e hûs hie en der in soad horloazjes kamen. Foar de D;útse tsjerkeklokkeroof, dy't 21 july 1941 begûn, hie Fryslân ± 400 tsjerkeklokken, fan foar 1800. It is net krekt bekend, hoefolle at ferlern gien binne.. DE alderâldste binne bewarre bleaun, de Midsieuske klokken.
De âldste tsjerkekloken binne net datearre, mar der binne guon fan foar 1300. Dy fan Skillaard ( no yn it Frysk Museum) is nei alle gedachten fan 1284, dy fan Readtsjerk út 1306. In soad fan dizze tsjerkeklokken hawwe opskriften dy't reizgjende en letter fêstige klokkejitters neame. Sa is der Stephanus (1312-1346) , H. Kokenbacker (1457), St. Butendiic (1458-1472), G. v.d. Wou (1477-1527), W. Wegewart (1561-1619), Hns Falck (1616-1639), A. Obertin (1623-1635), Jac. Noteman (1633-1649), J. Balthasar, (1630-1663), Petr. Overney (1670-1711), Cl. Fremy (1699), J.A. de Grave (1704-1728), Crans (1722-1754) en J.C. Borchhard (1739-1776).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|