[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Saint-Jean-de-Luz

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 nov 2024 om 16.41 troch 2a02:a443:91df:0:6d5c:3fab:1c15:73f5 (oerlis) (fan NL)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Saint-Jean-de-Luz

Saint-Jean-de-Luz (Baskysk: Donibane Lohizune) is in gemeente yn it departemint Pyrénées-Atlantiques (regio Novelle-Aquitaine) yn Frankryk. It badplak leit oan 'e Golf fan Biskaje yn de Baskyske provinsje Labourd, en is ûnderdiel fan it Bayonne-distrikt. De gemeente hie op 1 jannewaris 2021 14.601 ynwenners.

Saint-Jean-de-Luz is, tegearre mei it oanbuorjende Ciboure, de wichtichste fiskershaven fan it Frânske Baskelân, mei de fangst fan sardines, heek en tonyn. It Fête du Thon (feest fan 'e tonyn) wurdt yn july fierd.

Skiednis

Saint-Jean-de-Luz om 1895 hinne

Saint-Jean-de-Luz wie altyd in wichtige fiskershaven. Der waard al yn de 9e iuw jage op walfisken. Dat barde earst allinnich yn de Golf fan Biskaje mar letter ek yn de Noard-Atlantyske Oseaan. De pleatslike fiskers wiene ferneamd as walfiskjagers, mar dêr kaam yn de 18e iuw in ein oan. Doe kaam de kabbeljaufiskerij foar de kust fan Nijfûnlân. Dêrnei waard it sardinefiskjen de haadaktiviteit en fan de jierren fyftich ôf de tonyn. Kapers yn tsjinst fan 'e Frânske kroan wiene tusken de 16e en de 19e iuw ek aktyf yn Saint-Jean-de-Luz. Op it hichtepunt fan dizze kaapfeart yn 1757 farden hjir 22 skippen mei 117 kanonnen oan board en 1.800 bemanningsleden.

Bekende kapers wiene Jean d'Albarrade en Pellot Montvieux.

Op 9 juny 1660 waard hjir it houlik sluten tusken Loadewyk XIV fan Frankryk en Maria Theresia fan Spanje.

De Golf de Chantaco golfklub waard hjir oprjochte yn 1928.

It besjen wurdich

  • De Sint-Jan-Baptistetsjerke datearret út de 15e iuw en wie it plak fan it keninklik houlik yn 1660. De monumintale fergulde houten retabel komme út 1669. Lykas wenst is yn de regio, bestiet de tsjerke út in skip mei sydkanten houten galerijen. De spits fan de tsjerke waard troch in bliksem yn 1706 fernield en is nea ferfongen.
  • It Maison Loadewyk XIV datearret út 1643 en waard boud foar de rike wapenmakker Lohobiague. Loadewyk XIV en syn hof bleau hjir in moanne foar syn houlik.
  • It gemeentehûs mei in hynstebyld fan Loadewyk XIV op it hôf dat dêr yn 1932 pleatst waard.

Geografy

It oerflak fan Saint-Jean-de-Luz besloech op 1 jannewaris 2021 19,05 kante kilometer; de befolkingstichtens wie doe 766,5 ynwenners de km².

De kaart hjirnjonken lit de lokaasje sjen fan Saint-Jean-de-Luz mei syn wichtichste ynfrastruktuer en oanbuorjende gemeenten.

Ferkear en ferfier

It treinstasjon Saint-Jean-de-Luz - Ciboure leit yn de gemeente. De autodyk A63 rint troch de gemeente.