[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Sully (film)

Ut Wikipedy
Sully
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Clint Eastwood
produsint Clint Eastwood
Frank Marshall
Tim Moore
Allyn Stewart
senario Todd Komarnicki
basearre op Highest Duty fan
   Chesley Sullenberger
   en Jeffrey Zaslow
kamerarezjy Tom Stern
muzyk Christian Jacob
Tierney Sutton
filmstudio Village Roadshow Pictures
Flashlight Films
The Kennedy/Marshall Company
Malpaso Productions
Orange Corp.
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Tom Hanks
byrollen Aaron Eckhart
Laura Linney
Mike O'Malley
Anna Gunn
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 9 septimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre biografyske film
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $240,8 miljoen

Sully, of Sully: Miracle on the Hudson, is in Amerikaanske biografyske film út 2016 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrol Tom Hanks. De titel is de bynamme fan 'e piloat Chesley Sullenberger, dy't yn 2009 in ferkearsfleanmasine wêrfan't beide motors ûnklear rekke wiene, feilich op 'e rivier de Hudson yn New York wist te lânjen, sadat alle 155 ynsittenden mei de skrik frijkamen. De film is basearre op Sullenberger syn autobiografy Highest Duty. De plot fan 'e film giet sawol oer de needlâning as oer it ûndersyk dat dêrnei folge. Sully waard foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride yn septimber 2016. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De ôfskildering fan 'e Amerikaanske National Transportation Safety Board (NTSB) yn 'e film (as skuldsykjende klub ferfolgers mei tunnelfyzje) late lykwols ta kontroverse.

Op 'e middei fan 15 jannewaris 2009 geane piloat Chesley Sullenberger, byneamd 'Sully', en syn ko-piloat Jeff Skiles oan board fan US Airways-flecht 1549, dêr't se mei fan 'e Lofthaven LaGuardia yn New York nei de Ynternasjonale Lofthaven Charlotte Douglas yn Charlotte (Noard-Karolina) sille. As se noch mar trije minuten yn 'e loft binne, rekket de Airbus A320-fleanmasine dêr't se yn fleane, op in hichte fan likernôch 2.800 foet (oftewol 850 m) in flecht guozzen. Der wurde fûgels yn 'e strielmotors sûgd, wat resultearret yn it útfallen fan allebeide motors.

Sûnder in protte tiid om oer de sitewaasje nei te tinken, ornearret Sully dat se net genôch hichte hawwe om mei it no inkeld noch swevende fleantúch werom te kearen nei LaGuardia of út te wiken nei de Lofthaven Teterboro, dy't tichterby is. Hy beslút, mei ynstimming fan Skiles, om te besykjen en meitsje mei flecht 1549 in needlâning op it wetter fan 'e rivier de Hudson, midden yn 'e stêdekloft fan New York. Dat slagget wûnderwol, en 155 bemanningsleden en passazjiers komme der mei in pear lichte ferwûnings ôf. Driuwend op it wetter evakuëarret de bemanning de passazjiers nei de wjukken fan it stadich sinkende fleantúch. Alle ynsittenden wurde fan it winterkâlde rivierwetter rêden troch tahastige fearboaten en rêdingstsjinsten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid wurdt Sully troch de media fuortendaliks útroppen ta in held, mar it ûngelok lit him traumatisearre efter. Dat wurdt der net better op om't er net nei hûs mei fanwegen it ûndersyk dat de National Transportation Safety Board (NTSB) nei it barren ynsteld hat, mei as gefolch dat er syn frou inkeld oer de tillefoan sprekke kin. Hy besiket mei syn ûnderfinings om te gean troch alkohol te drinken en te neare nacht syn hotel te ferlitten om te hurddraven, mar de foarfallen litte him net los. It spul boazet noch oan troch de net-ôflittende opdringerige belangstelling fan 'e media, dy't net inkeld himsels lestich falle, mar ek syn gesin.

By in earste ûnderfreging troch de ûndersikers fan 'e NTSB wurdt Sully ferteld dat neffens gegevens fan ACARS de loftermotor noch rûn doe't de needlâning makke waard. (ACARS is in digitaal datalinksysteem foar it ferstjoeren fan koarte, automatysk generearre berjochten tusken fleantugen en grûnstasjons.) Dat wol sizze dat it fleantúch op krêft fan dy iene motor weromkeare kinnen hie nei it fleanfjild. Boppedat beweart de NTSB dat ferskate fertroulike kompjûtersimulaasjes fan it ûngelok útwize dat it fleantúch ek sûnder motors noch nei LaGuardia weromkeare of nei Teterboro útwike kinnen hie. Sully en Skiles kantsje har bot oan tsjin dy konklúzjes, en de relaasje tusken harren en de NTSB-ûndersikers feroaret al rillegau yn in fijannigenien.

De NTSB rekket der geandewei it ûndersyk fan oertsjûge dat de needlâning in foarm fan minsklik falen fan Sully wie, dy't net nedich wie en dy't de fersekering fan loftfeartmaatskippij US Airways tsientallen miljoenen dollars koste hat om't it sonken fleantúch as total loss beskôge wurde moat. As minsklik falen de offisjele konklúzje fan it ûndersyk wurdt, soe dat de ein fan Sully syn karriêre as piloat betsjutte. Mei't er skulden hat, soed er dêrtroch syn hûs kwytreitsje. Hy sit dêrom mei de hannen yn it hier. Troch in ferslach fan it ynsidint dat er jûns let yn in bar op 'e tillefyzje sjocht, kriget er lykwols in helder idee. De ferslachjouster wol hawwe dat er it fleantúch en alle ynsittenden rêden hat troch syn gefoel foar timing. Sully beävensearret dêrop dat de simulaasjes mei minsklike piloaten (ynstee fan kompjûters), dy't fleantúchbouwer Airbus fan it ûngemak dwaan wol, ûnderdiel wurde fan 'e iepenbiere harksitting dy't de NTSB belein hat.

Op 'e harksitting wurde de bylden fan 'e simulaasjes út it Frânske Toulouse live streamd. Sawol de weromkear nei LaGuardia as it útwiken nei Teterboro ferrint sûnder swierrichheden. Sully oppenearret lykwols dat de simulaasjes ûnreälistysk binne om't de piloaten yn 't foar wisten wat der barre soe en fuort nei it reitsjen fan 'e fûgels nei de lofthavens flein binne. Hy wol witte hoe faak oft de simulaasjepiloaten it fljochsenario oefenje kinnen hawwe, en Airbus jout troch dat se dat 17 kear dien hawwe. De NTSB moat tajaan dat de krityk fan Sully rjochtfeardige is, en jout opdracht om 'e simulaasjes oer te dwaan, mar dêrby no nei it reitsjen fan 'e fûgels 35 sekonden skoft te hâlden om 'e evaluaasje fan 'e sitewaasje troch Sully en Skiles te simulearjen.

As de simulaasjes op dy wize oerdien wurde, hellet it fleantúch dat weromkeart nei LaGuardia de lâningsbaan net, wylst it fleantúch dat útwykt nei Teterboro delstoart yn 'e gebouwen foar de lofthaven. Underwilens is de loftermotor fan flecht 1549 út 'e Hudson opfiske, en ûndersyk, wêrfan't krekt foar de harksitting de útslach binnenkommen is, hat oanjûn dat ACARS mis wie en dat Sully en Skiles gelyk hiene: de motor wie troch it ynsûgen fan ien of mear guozzen folslein nei gychem en koe net mear brûkt wurde.

De opnamen fan 'e swarte doaze, dêr't de stimmen fan 'e piloaten en alle oare lûden yn 'e cockpit op te hearren binne, wurde foar de alderearste kear ôfspile. Neitiid binne alle oanwêzigen, de NTSB-ûndersikers ynbegrepen, djip ûnder de yndruk fan it profesjonalisme fan Sully. De harksitting wurdt ôfsletten mei de konklúzje dat Sully de iennichste goede beslissing nommen hat en dat him en Skiles gjin inkele blaam treft. Sully nimt it wurd om derop te wizen dat er de ynsittenden fan syn fleantúch net rêde kinnen hie sûnder de meiwurking fan 'e oare bemanningsleden, de passazjiers sels en eltsenien dy't it omdriuwkjende fleantúch te help kaam.

Tom Hanks.
Aaron Eckhart.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Chesley "Sully" Sullenberger Tom Hanks


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jeff Skiles Aaron Eckhart
Lorraine Sullenberger Laura Linney
Charles Porter Mike O'Malley
dr. Elizabeth Davis Anna Gunn
Ben Edwards Jamey Sheridan
Donna Dent Ann Cusack
Tess Sosa Autumn Reeser
Doreen Welsh Molly Hagan
Sheila Dail Jane Gabbert
Mike Cleary Holt McCallany
Larry Rooney Chris Bauer
Patrick Harten Patch Darragh
Michael Delaney Jerry Ferrara
Jimmy Stefanik Max Adler
Jeff Kolodjay Sam Huntington
Pete de barkeeper Michael Rapaport
Brian Kelly Wayne Bastrup
Diane Higgins Valerie Mahaffey
L.T. Cook Jeff Kober
Alison Molly Bernard

Vince Lombardi, de kaptein fan 'e earste fearboat dy't it yn 'e rivier driuwende fleantúch berikte, spilet yn 'e film himsels. Sjoernaliste Katie Couric spile ek harsels. Praatprogrammapresintator David Letterman is te sjen op argyfbylden fan syn útstjoering op 'e jûn dat er de bemanning fan flecht 1549 ynterviewde, wêrby't troch digitale bewurking de akteurs yn it plak fan 'e echte bemanning tafoege binne.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film Sully wie basearre op Highest Duty: My Search for What Really Matters, de autobiografy dy't Chesley Sullenberger mei help fan ghostwriter Jeffrey Zaslow skreau. De filmrjochten op dat boek waarden yn 2010 oankocht troch filmprodusinten Frank Marshall en Allyn Stewart, dy't senarioskriuwer Todd Komarnicki ynhierden om der in wurkber filmskript fan te meitsjen. Clint Eastwood rekke by it projekt belutsen as regisseur, en yn 'e mande mei Marshall, Stewart en Tim Moore produsearre er de film ek, foar de filmstudio's Village Roadshow Pictures, Flashlight Films, The Kennedy/Marshall Company, syn eigen Malpaso Productions en Orange Corp.

De wiere Chesley Sullenberger.

Der wie foar Sully in budget beskikber fan $60 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Tom Stern, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christian Jacob en Tierney Sutton. De opnamen setten op 28 septimber 2015 útein yn New York. Op 15 oktober ferhuze de produksje nei Atlanta, dêr't fan in gebou yn 'e binnenstêd in New Yorksk hotel makke waard. It meastepart fan it budget waard lykwols bestege yn Los Angeles, dêr't de needlâning en de rêding fan 'e ynsittenden filme waard yn 'e Warner Bros. Studios en de Universal Studios Hollywood. Der waarden ek opnamen makke yn Noard-Karolina, op 'e Loftmachtbasis Holloman yn Nij-Meksiko en yn Kearny yn Nij-Jersey. De opnamen waarden foltôge op 29 april 2016.

De distribúsje fan Sully waard fersoarge troch Warner Bros. De film waard op 2 septimber 2016 foar it earst fertoand op it Filmfestival fan Telluride. Sully iepene op 9 septimber 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 6 desimber fan dat jier kaam de film beskikber as digitale download en op 20 desimber waard er útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Sully oer it generaal positive resinsjes. Sa skreau Peter Debruge yn it tydskrift Variety: "[De film] is de show fan Hanks, dy't in karakteristyk sterke prestaasje leveret en ús al rillegau ferjitte lit dat we nei in akteur sitte te sjen." Simon Thompson fan IGN skreau: "Sully is in prachtich útbalansearre, heechsteand nuansearre en ûnbidich ûnderhâldende film, dy't alle klisjeemjittige falkûlen ûntwykt dêr't er yn glydzje kinne hie. Tom Hanks leveret ien fan 'e bêste prestaasjes fan syn karriêre en de rezjy fan Clint Eastwood is moai en ryk." Yn The New York Times omskreau Manohla Dargis de film as "sunich mei alles en solide, en oer it algemien tebekhâldend as er jin net de grize oer de grouwe gean lit." Fan Peter Travers fan Rolling Stone krige de film 31/2 fan 4 stjerren, en fan Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times sels 4 fan 4 stjerren.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Sully in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 344 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is like noflike fakman-eftich as syn protagonist, en makket gebrûk fan it superlative wurk fan syn stjer en regisseur om op kalme wize in oangripende hulde te bringen oan in aldendeiske held." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Sully in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 46 resinsjes.

Regisseur Clint Eastwood.

Sully brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $125,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $115,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $240,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $180,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Sully waard yn 2017 nominearre foar de Oscar foar bêste lûdsmontaazje, trije Satellite Awards en fjouwer Critics' Choice Awards. De film wûn de People's Choice Award foar favorite akteur yn in dramafilm (Tom Hanks), en ek de Icon Award fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs.

Sully soarge foar in lytse kontroverse troch de wize dêr't de National Transportation Safety Board (NTSB), de Amerikaanske rie foar ferkearsfeiligens, yn 'e film op ôfskildere wurdt, nammentlik as in skuldsykjende ynstânsje fan buropiloaten dy't der troch harren tunnelfyzje fan oertsjûge binne dat Sullenberger ferantwurdlik wêze moat foar it fleanynsidint, ynstee fan 'e útfallende technyk dêr't er himsels en de oare ynsittenden fan sjen moast te rêden. Nei't de film útkommen wie, protestearren de NTSB-wurknimmers dy't by it ûndersyk nei US Airways-flecht 1549 belutsen wiene, tsjin dy karakterisearring.

Yn The New York Times skreau Christine Negroni dat "de ferzje fan it ûndersyk út 'e film ôfwykt fan 'e dokumintearre wurklikheid yn sawol toan as foarfallen." Sa hâlde de ûndersikers yn 'e film út dat it fleantúch feilich weromkeare kinnen hie nei de Lofthaven LaGuardia of útwike nei de Lofthaven Teterboro oant bewiisd wurdt dat dat net it gefal is, wylst Robert Benzon, dy't yn it echt de lieding oer it NTSB-ûndersyk hie, derop wiisde dat by de echte publike harksittings de ûndersikers fuortendaliks bekendmakken dat út harren ûndersyk bleken wie dat by sa'n weromkear of útwiking de feilichheid net bewissige wurde kinnen hie. Benzon sei ek dat "de behanneling fan 'e NTSB [yn 'e film] de sinematyske frijheid fier foarby gie [en karakterisearre wurde koe as] ienfâldichwei gemiene ûnearlikens."

Doe't akteur Tom Hanks troch de media oer de saak befrege waard, fertelde er dat Sullenberger sels, nei't er in iere ferzje fan it senario lêzen hie, ûntrêstge wie troch de karakterisearring fan 'e NTSB-ûndersikers, en dat op syn fersyk de nammen fan 'e ûndersikers feroare en dêrmei fiksjonalisearre wurden wiene.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.