[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Stasjon Tegelen

Ut Wikipedy
Stasjon Tegelen
station Tegelen
Stasjon Tegelen yn de winter
Stasjon Tegelen yn de winter
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Venlo
plak Tegelen
adres Steenweg 49
arsjitektuer
stasjonskoade Tg
iepening 21 novimber 1865
1 maaie 1949 Weriepening
sluting 15 maaie 1938
boujier 1863 1e stasjonsgebou
1974 2e stasjonsgebou
sloopjier 1974 1e stasjonsgebou
1999 2e stasjonsgebou
arsjitekt 1863
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1974
C. Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Steatsline E
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Tegelen (Limburch)
Stasjon Tegelen

Stasjon Tegelen (Tg) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Tegelen yn de provinsje Limburch. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline E (Breda - Maastricht). It stasjon leit hjoed-de-dei oan it part fan it spoar dat eksploitearre wurdt troch Arriva.

It oarspronklike spoarweistasjon fan Tegelen wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dy klasse boud wie. It gebou waard ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. It stasjon wie sûnt de iepening meardere kearen útwreide. Yn 1892 waard der oan de linkerkant in fleugel oanboud, yn 1904 kaam der oan de rjochterkant in selde fleugel, yn 1911 krige it middenpart der in ferdjipping by.

It stasjon waard yn 1974 ôfbrútsen en ferfongen troch in nij gebou bekend as Standerttype Beilen fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It 2e stasjonsgebou waard yn 1999 ôfbrutsen om't it stasjon sa'n 500 meter waard ferpleatst. Der kaam op it nije plak gjin nij stasjonsgebou. It stasjon bestiet út in tal abry's en twa treppehuzen fanút it fiadukt oer De Drink mei treppen en liften.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 11
32200
Stoptrein (Arriva) NimwegenVenrayVenloTegelenRoermond

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: