[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Redbad II

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 mai 2023 om 04.17 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (oanf)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Print fan Redbad II, makke tusken 1618 en 1620 troch Piter Feddes
It Fryske Ryk ûnder Redbad II.

Redbad II is ien fan 'e legindaryske keningen fan 'e âlde Friezen, dy't nei alle gedachten net echt bestien hat, mei't der gjin betroubere histoaryske boarnen oangeande him binne. Hy soe libbe hawwe fan 760 oant 786, en soe in soan west hawwe fan 'e krektlyk legindarysk Aldgillis III. Redbad II soe kening west hawwe oer de Fryske eilannen en Easterlauwersk Fryslân (Grinslân en East-Fryslân). Nei syn dea yn 786, soene de Franken it gânse Fryslân anneksearre hawwe. Neitiid waarden de Friezen ûnder twang bekeard fan it heidensk leauwe ta it kristendom.