[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Parma

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
Parma
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Emylje-Romanje
Provinsje Parma
Sifers
Ynwennertal 198,292 (oktober 2020)
Oerflak 260 km²
Befolkingsticht. 676 ynw/km²
Hichte 55 m
Offisjele webside
Parma – offisjeel webstee
Kaart
Parma (Itaalje)
Parma
Lizzing fan Parma yn Itaalje
Dizze side giet oer de Italjaanske stêd Parma. Foar oare betsjuttings, sjoch: Parma (betsjuttingsside).

Parma is in stêd yn de Poflakte yn de Italiaanske regio Emylje-Romanje. De stêd hat 198.292 ynwenners [1].

Parma is in yndustrystêd dy 't foaral fan belang is foar de itenswareyndustry. Oan 'e stêd binne produkten as de Parmezaanske tsiis en parmaham ferbûn.

Parma foarme tegearre mei Piacenza iuwenlang in hartochdom (Hartochdom Parma en Piacenza), dêr 't nammen oan ferbûn binne as Margareta fan Parma en Alexander Farnese, de hartoch fan Parma, dy't yn de skiednis fan de Nederlannen in wichtige rol spile hawwe. De hjoeddeiske hartoch fan Parma is prins Carlos de Bourbon de Parme, soan fan prinses Irene fan de Nederlannen en prins Carel Hugo.

Bekende Parmezanen wiene de operakomponist Giuseppe Verdi, dy't yn de buert fan de stêd berne waard en nei wa't it pleatslike fleanfjild neamd is, de dirigint Arturo Toscanini en de filmregisseur Bernardo Bertolucci.

Galery

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. oktober 2020

Wikipedy:NL