[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Fossyl

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 feb 2024 om 15.25 troch Hoo man (oerlis | bydragen) (Bewurkings fan "46.114.6.75" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Drewes".)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In boarkern mei in kokkelsoart út it Plioseen

Under fossilen wurde alle resten en spoaren fan planten en dieren dy't yn de boaiem fan de ierde konservearre binne begrepen. Wol gauris wurdt der tocht dat fossilen altyd 'ferstienne' binne, mar dat hoecht net. It wurd fossyl is ôflaat fan it Latynske fossilis, dat "opdold" betsjut. De wittenskip dy't fossilen bestudearret hjit paleontology.

Soarten fossilen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ûndertsjeak fan in Mammoet

Fossilen wurde faak yn ferbân brocht mei de bonken fan dinosauriërs of fan mammoeten en it is yndied sa dat de hurde parten fan in organisme de grutste kâns meitsje om konservearre te wurden. By wringedieren binne dat de bonken en benammen de tosken. De sêftere weefsels fan it organisme bliuwe allinnich yn bysûndere gefallen bewarre en binne sadwaande tige seldsum. De sêftere weefsels wurde allinne bewarre as se gau bedobbe reitsje ûnder in laach dy't se ôfskermet tsjin it rottingsproses of opfretten troch bisten. Mei allinne de hurde parten is it somtiids dreech op in goed byld te krijen fan it komplete organisme.

Der binne in oantal bysûndere foarmen fan fossilisaasje. Yn bygelyks barnstien wurde soms folseine ynsekten fûn dy't ynsletten binne omdat de hars dêr't de barnstien út ûntstien is in goede ôfsluting foarmet tsjin oksidaasje. Datselde jildt yn it grut ek foar tarputten. Yn de omkriten fan de Amerikaanske stêd Los Angeles binne de La Brea tarputten dêr in goed foarbyld fan. Fan de dieren dy't yn dy tarput fêst rekke binne, bleaune de bonken faak tige goed bewarre. Boppedat loeken de dieren dy't fêst kamen te sitten faak rôfdieren oan dy't ek wêr fêst rekken. Sadwaande waard yn it Pleistoseen in "bonketsjerkhôf" foarme.

Neist bonken wurde ek oare spoaren fan libben fûn, lykas printsels fan poaten.

Fossilen meitsje it mooglik om de âldens fan ierdlagen te bepalen. Sokke fossilen wurde gidsfossilen neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]