[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Filmset

Ut Wikipedy
In filmcrew oan it wurk yn Londen op 'e set fan 'e film Sherlock Holmes and the Case of the Silk Stocking (2004).

In filmset (fan it Ingelske film set), of koartwei set, is in lokaasje of studio dêr't foar koarte of langere tiid in filmcrew komt om te wurkjen oan in film of in tillefyzjeprogramma. De set is yn dy kontekst spesifyk it plak dêr't de kamera en de beljochting op rjochte binne.

In gaadlik plak om te filmjen wurdt socht troch in lokaasjescout. As dêrfoar in geskikt plak fûn is, wurde der foto's makke, dy't neitiid foarlein wurde oan 'e regisseur, produksje-ûntwerper en eventueel de art director fan 'e produksje. As dy der wat yn sjogge, wurdt de lokaasje foar neier ûndersyk besocht troch in delegaasje dy't bestean kin út 'e regisseur, produksje-ûntwerper, art director, lokaasjemanager en kameraregisseur. Salang't der opnamen makke wurde is de lokaasjemanager der ferantwurdlik foar dat de lokaasje kibich en korrekt brûkt (en oplevere) wurdt, neffens de ôfspraken dy't makke binne mei de eigner.

As der ferlet is fan in dekôr, om't de winske lokaasje net fûn of net brûkt wurde kin, of om't ferskate lokaasjes te fier útinoar lizze en sadwaande fanwegen gebrek oan jild of tiid net foldogge, kin der foar opnamen ynstee gebrûk makke wurde fan in filmstudio. Dat is in plak dêr't de fasiliteiten, lykas kamera- en beljochtingsappartuer, maklik foarhâns binne en dêr't ek de omstannichheden geunstich (want troch de minske behearske) binne. Foarbylden fan sokke omstannichheden binne de hichte fan it gebou, in flakke flier, in goede enerzjyfoarsjenning, genôch parkearromte, ensfh.

As tuskenoplossing komt it soms foar dat op 'e lokaasje in dekôr boud wurdt. De lokaasje op him sels foldocht dan net as set, mar kin troch beskate oanpassings wol geskikt makke wurde. Men kin dan tinke oan it pleatsen fan in falske gevel foar in besteand gebou, en mear fan datsoarte dingen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: