Feerwerd
Feerwerd | ||
Jakobustsjerke (2010) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 530 (2023) [1] | |
Oerflak | 22,8 km² wêrfan lân: 22,26 km² wêrfan wetter: 0,54 km² | |
Befolkingsticht. | 23 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Webstee fan Feerwerd | ||
Kaart | ||
Feerwerd (Grinslânsk: Fiwwerd) is in terpdoarp yn de gemeente Westerkertier yn Grinslân. It leit tusken Ezinge en Garnwerd. Yn 2008 wennen der 170 minsken.[2]
Beskriuwing
Feerwerd wurdt foar it earst neamd yn 1283, al wurdt oannommen dat de âldste terp al foar it begjin fan de jiertelling bewenne wie. It doarp is part fan it gebiet dat Middag hjit. Dat ûntstie yn de achtste iuw troch ynbrekken fan de Lauwerssee. It gebiet waard bedike, wêrnei't Feerwerd mei de doarpen Ezinge en Garnwerd op in skiereilân te lizzen kaam.
Yn it doarp stiet de Jacobustsjerke, dy't nei alle gedachten oan it ein fan de tolfde iuw of yn it begjin fan de trettjinde iuw boud waard. De toer fan de tsjerke is yn 1859 setten. Yn de Jacobustsjerke is in grêfkelder út 1600, wêr't leden fan de famylje Aldringa begroeven binne, dy't eartiids ien fan de trije boargen yn de omkriten fan it doarp bewennen.
De Jakobustsjerke is sûnt 1977 eigendom fan de Stichting Oude Groninger Kerken.
Yn Feerwerd stiet ek de nôtmûne Joeswert, dy't yn 1855 boud is. De mûne is noch altyd mealree en is ien fan de iennige wêr't noch spjelt meald wurdt.
Gallery
-
Feerwerd, nôtmûne Joeswert (2008)
-
Pastorie (2012)
-
Doarpshûs 'd Olle Schoul (2014)
-
Alde smidderij (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|