[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Falaansk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 jul 2009 om 23.31 troch Luckas-bot (oerlis | bydragen) (Bot - derby: it:Lingua fala)
Fala
algemien
lânseigen yn Spanje yn de regio Ekstremadûra
tal sprekkers 5000-7500
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten ?
taalstatus
offisjele status Erkend as weardefol kultureel erfgoed yn de regio Ekstremadûra
taalkoades
ISO 639-1 gjin
ISO 639-2 roa
ISO 639-3 fax


Falaansk of Fala is in West-Ibearyske Romaanske taal dy’t sprutsen wurdt troch likernôch 7.500 minsken yn it uterste noardwesten fan de Spaanske provinsje Cáceres yn de regio Ekstremadûra, lâns de kust mei Portegal.

Fala betsjut sprektaal yn it Fala en it besibbe Portugeesk en Galisysk. De taal stamt of fan it Galisysk-Portugeesk, in midsieuske taal wêrút ek it Portugeesk en Galisysk ûntwikkele is. Neffens guon taalkundigen is it Fala net in aparte taal mar in argayske foarm fan it Galisysk.

De measte sprekkers fan Fala wenje yn de doarpen Valverde del Fresno (Valverdi du Fresnu), Eljas (As Ellas) en San Martin de Trevejo (Sa Martin de Trebellu) yn de isolearre fallei de Xalima. Der wurde trije dialekten fan de taal ûnderskieden: Mañegu (sprutsen yn San Martín de Trevejo), Lagarteiru (yn Eljas) en Valvideiru (yn Valverde del Fresno). Minsken dy’t Fala prate brûke de taal ûnderling, mar prate Spaansk mei de bûtenwrâld, op skoalle en yn it tsjerke.

De taal krijt stadichoan mear erkenning. Yn 1992 waard de feriening Asociación Fala i Cultura oprjochten. Dizze feriening hat as doel om de taal fierder te bestudearjen en te beskermjen. Yn 1998 waard it earste boek yn it Fala utjûn. Dit boek mei de namme Seis sainetes valverdeiros is skreaun troch Isabel López Lajas. Yn 1999 waard yn San Martin de Trevejo in wittenskiplik kongres oer de taal hâlden. En yn 2001 waard de taal troch de regearing fan Ekstremadûra erkend as weardefol kultureel erfgoed.


Keppeling om utens