[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Nikaragûa

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 mrt 2022 om 10.24 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (taal)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
República de Nicaragua
Flagge fan Nikaragûa Wapen fan Nikaragûa
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nikaragûa
Offisjele taal Spaansk
Haadstêd Managûa
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
129.494 km²
2,9­%
Ynwenners (2004) 5.100.000
Munt Córdoba (NIC)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 15 septimber
Lânkoade NIC
Ynternet .ni
Tillefoan 505

Nikaragûa is in lân yn Midden-Amearika. De haadstêd is Managûa.

Nikaragûa wurdt begrinzge troch:

Nikaragûa leit op de lânbrêge fan Sintraal-Amearika en wurdt begrinzge troch de Grutte Oseaan yn it westen en de Karibyske See yn it easten. It westlike diel fan it lân is bercheftich, hjir komme û.o. de fulkanen Cerro Negro en Momotombo omheech. De heechste berch is de Pico Mogotón dy't op de grins mei Hondueras leit en 2.438 meter heech is. De eastlike gebieten lizze yn in leechflakte dy't foar it meastepart út tropysk reinwâld bestiet.

Yn Nikaragûa lizze twa grutte marren dêr't de Mar fan Nikaragûa de grutste fan is. Yn dat mar libje de ienige swietwetterhaaien fan de wrâld. De oar grutte mar is de Managûamar. De wichtichste rivieren binne de San Juan, de Tipitapa en de Koko.

Oan de Grutte Oseaan kust lizze de wichtichste befolkingssintra fan it lân, wylst de eastlike en súdlike parten tin bewenne binne. De haadstêd en teffens grutste stêd fan it lân Managûa. Inkele oare stêden binne Corinto, Estilí, Granada, León, Masaya, Matagalpa, Jinotega, Rama, Rivas en San Carlos

It gebiet fan it tsjintwurdige Nikaragûa waard troch Kolumbus ûntdutsen op syn fjirde tocht nei Amearika en letter fierder ferkent troch Gil Gonzales de Avila yn 1522. Yn de 17e iuw festigen har Hollânske, Ingelske en Frânske frijbûters oan de kust, folge troch Spaanske ymigranten yn de 18e iuw en makke ûnderdiel út fan de Spaanske koloanje yn Amearika.

Yn 1823 skiede Nikaragûa har ôf fan Spanje en makke it oant 1838 diel út fan it Sintraal Amerikaanske steatebûn. De 19e iuw waard karakterisearre troch in fûle striid tusken Liberalen en konservativen. Tsjin it bewâld fan de diktator José Santos Zelaya (1893-1909) rjochten him hieltyd gearspannings en opstannen. In ynterfinsje troch de Feriene Steaten makke in ein oan dizze tastân. Zelaya waard ferdreaun en Nikaragûa waard in soarte protektoraat fan de Feriene Steaten. It Bryan-Chamorro-Ferdrach út 1916 joech de Feriene Steaten it rjocht om in kanaal troch Nikaragûa te graven en in fleatbasis oan te lizzen yn de Golf fan Fonseka. It Amerikaanske leger gong pas út Nikaragûa wei yn 1937.

Nei it fertrek fan de Amearikanen krijt de family Somoza it yn Nikaragûa foar it sizzen dy't it lân desennia lang regeard hat. Sy wienen korrupt en diktatoriaal. Yn 1979 waard har rezjym omfier smiten troch de Sandinisten, in sosjalistyske gueriljabeweging.

De earste bewenners fan Nikaragûa wiene de Yndianen. Nei de ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus arrivearen de blanken, meast Spanjerts. Tsjintwurdich bestiet de befolking fan Nikaragûa foar it grutste part út Mestiezen (69%) en blanken (17%), de oare hawwen Afrikaansk (9%) en Yndiaansk (5%) bloed.

Der is ek in lytste mienskip fan minsken út it Midden-Easten (Syrjers, Armeenjers, Palestinen, Joaden en Libanezen), dat binne der sa'n 30.000. Fierders wenje der Aziaten (Japanners en Sinezen). Harren tal leit boppe de 12.000. Ein 19e iuw kamen de earste Sinezen nei Nikaragûa.

Nikaragûa is tradisjoneel sjoen in katolyk lân. De grutste godstsjinst is de Roomsk-Katolike tsjerke. It oantal beliders rint lykwols tebek, wylst oare kristlike kloften as de Evangelyske Protestanten en Mormonen yn tal tanimmen. Dêr binne ek grutte Anglikaanske en Moravian mienskippen oan de Karibyske kust. It boedisme is taneamd ûnder ynfloed fan de ymmigraasje fan Sinezen.

Spaansk is de offisjele taal fan Nikaragûa. Goed 90% fan de befolking hat Spaansk as memmetaal, folge troch Kreoolsk (Karibysk Ingelsk), dat meast oan de eastkust sprutsen wurdt. Dêrnei komme de Yndianetalen Miskito, Sumu (Mayangna), Rama und Garífuna (Igñeri).