[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Skrapke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Komma)
,

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

It skrapke of de komma (fan it Aldgrykske κόμμα, kómma‎, ôflaat fan κόπτω ‎kóptō, "ik snij") is in lêsteken.

Yn de 3e iuw f.Kr. ûntwikkele Aristofanes fan Byzantium, de haadbibletekaris fan de Bibleteek fan Aleksandrië, in earste systeem om sinnen mei ynterpunksje te ferdielen yn lytsere parten. De hjoeddeistige komma groeide út ta in skeane streek “/“, de virgula suspensiva (lytse hingjende twiich) dy’t fan de 13e oant de 17e ieu brûkt waard om in lêsskoft oan te jaan, benammen yn teksten dy’t resitearre waarden. De Italjaanske printer Aldus Manutius lei de basis foar de tsjintwurdige skriuwwize. Yn de loop fan de 16e ieu ferskode it teken nei de ûnderrigel en ûntstie de krolle foarm.

Inkeld is it skrapke needsaaklik om de struktuer fan in sin dúdlik te meitsjen, inkeld kin it skrapke nei eigen betinken set wurde. Yn guon gefallen kin it skrapke in betsjuttingsferskil meitsje yn in sin. As fûstregel foar it brûken jildt: set in skrapke dêr’t by in gewoan petear of lêzen in koart skoft tocht wurde kin. Yn gefal fan twifel oft op in beskaat plak in skrapke stean moat of net, is it gauris it bêste om him net te setten. De plakken dêr’t in skrapke wol kin of stean moat, binne tusken:

In skrapke makket it (betsjuttings)ferskil tusken in útwreidzjende en in beheinende bysin. Ferlykje:

De jonges út A4, dy’t de direkteur in omkoal neamd hawwe, krije straf. (= alle jonges ha dat dien; dit is in útwreidzjende bysin.)
De jonges út A4 dy’t de direkteur in omkoal neamd hawwe, krije straf. (= mar in pear jonges út A4 ha dat sein, en allinnich hja krije straf; dit is in beheinende bysin.)

Skrapke foar 'en'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in âlde skoalregel mei foar it bynwurd ‘en’ nea in skrapke set wurde.[1] Dat is net wier, lykas út it folgjende foarbyld dúdlik wurdt.

Gatse en Hindrik moeten Antsje en Durk yn de stêd, en Hâns frege har mei te gean nei de film.

As ‘en’ brûkt wurdt yn in opsomming, wurdt trochstrings gjin skrapke set. Bygelyks:

Earte en woarst en spek en brea binne och sa lekker.
Earte, woarst, spek en brea binne och sa lekker.

Beide sinnen binne goed. In skrapke by in opsomming kin as der in skoft te hearren is of as der lês- of ynterpretaasjeproblemen ûntstean kinne. Bygelyks:

Op it festival wurde dokumintêres toand út East-Jeropa, spylfilms fan minder bekende regisseurs en sineasten, en koarte animaasjefilms.

De neikommende sinnen binne net goed:

Pyt, en Willem binne goede maten.
Nimme jo it bontsje, en it garânsjebewiis mei?

Skrapke tusken twa persoanlike foarnamwurden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In flater dy’t in soad makke wurdt, is it brûken fan it skrapke tusken twa foarnamwurden.

Ferkeard is: Ha jo, josels fernuvere?
Goed is: Ha jo josels fernuvere?

It skrapke yn de ferkearde sin is oerstallich, it is nammentlik ién sin. It skrapke wurdt ynset dêr’t jo ûnder it praten in koart skoft ynlaskje, de sin út it foarbyld soene jo ek net yn twa stikken opsizze.

Komma tusken twa persoansfoarmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken twa persoansfoarmen wurdt in skrapke set.

Doe't se thús kaam, hong se har jas oan de kapstok.

Dit is it brûken fan in skrapke tusken twa persoansfoarmen yn ién sin dy’t út in haad- en ien of mear bysinnen bestiet.

Skrapke tusken twa njonkensinnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken twa njonkensinnen wurdt in skrapke set. Dat kin tige wichtich wêze foar de betsjutting fan de folsleine sin:

Befrij him net, hy hat de dea fertsjinne.
Befrij him, net hy hat de dea fertsjinne.

Hjir is it skrapke letterlik fan libbensbelang: de earste sin nimt de persoan it libben, de twadde persoan jout it him.

Skrapkes yn tallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skrapke wurdt tapast as desimaalteken yn in tal. Yn Angelsaksyske lannen wurdt it skrapke brûkt as skiedingsteken tusken groepen tûzentallen yn ien tal.

De Fryske skriuwwize fan in grut tal (yn dit gefal hûnderttrijeëntweintich fjouwerhûndertseisenfyftich) is: 123.456,789 of 123 456,789
De Angelsaksyske skriuwwize is: 123,456.789
De skriuwwize neffens de ISO-standaard (31-0) is 123 456,789. Om de lêsberens te fergrutsjen wurde grutte tallen skreaun yn groepen fan trije sifers, ûnderbrutsen troch in heale spaasje en rekkene fan it skrapke ôf nei efteren en fan foaren (4 248 473,298 783 53)

Haadletter nei in skrapke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in skrapke komt suver nea in haadletter om’t nei in skrapke de rinnende sin trochgiet.

In útsûndering is de haadletter yn de sin nei de oanhef fan in brief. De oanhef fan in brief of e-post mei mei in skrapke einigje, mar wurdt dochs sjoen as ôfsûnderlik elemint fan it brief. Yn de lêste BIN-noarmen wurdt advisearre om nei de oanhef fan in brief gjin skrapke of oar lêsteken mear te brûken, mar it is noch wol tastien. Dêrom wurdt de earste sin fan in brief mei in haadletter begûn, ek al einiget de oanhef op in skrapke.[2]

Achte frou Wiki,
Hjirby lit ik jo witte dat ik mei in soad nocht meidoch oan Wikipedia.

Nei it skrapke komt dus in lege rigel. De earste sin fan it brief begjint mei in haadletter. Ek oan de ein fan in brief komt in skrapke mei dêrnei in haadletter, mar yn dat gefal troch de haadletter fan de namme:

Mei freonlike groetnis,
Halbe de Wikipediaan

De geschiedenis van de komma, Wim Daniëls, ISBN 90-12-06709-X

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://taaladvies.net/taal/advies/vraag/467
  2. Onze taal