[go: up one dir, main page]


Manama (Arabysk: المنامة Al-Manāmah) is de haadstêd fan Bachrein, en leit oan de noardeastkust fan it lân. It is de grutste stêd fan Bachrein en hat sirka 150.000 ynwenners, likernôch in fearn fan de befolking fan hiel it lân.

Manama
لمنامة
Manama, de haadstêd fan Bachrein
Manama, de haadstêd fan Bachrein
Bestjoer
Lân Bachrein
Gûvernemint Haadstêd
Sifers
Ynwennertal 157.474 (2010)
Oerflak 30 km²
Befolkingsticht. 5.200 / km²
Stêdekloft 329.510
Hichte 1 m
Oar
Tiidsône UTC+3
Offisjele webside
Offisjeel webstee

Manama wurdt al neamd yn 1345. It waard yn 1521 ynnaam troch Portugal, en yn 1602 troch Perzje. Yn 1958 waard it in frijhaven, en mei de ûnôfhinklikens fan it lân yn 1971 waard it de haadstêd fan Bachrein.

Kaart fan Bachrein