[go: up one dir, main page]

Wisla

(Trochferwiisd fan Wisła)

De Wisła (Dútsk: Weichsel; Latyn: Vistula) is de grutste rivier fan Poalen. De rivier ûntspringt yn de Beskiden, in berchtme dat diel ûtmakket fan de Karpaten. De twa boarnerivieren binne de Biała Wisełka en de Czarna Wisełka (efterelkoar de Wite en de Swarte Lytse Wisła) en mûnet nei 1070 km fia it Wisłahaf (Zalew Wiślany) út yn de Eastsee.

De Wisla (Vistula) mei syn ôfwetteringsgebiet
In foto fan de rivier de Wisła

Wichtigste stêden oan de Wisła binne Krakau, Warsjau en Toruń. Súdlik fan Malbork splitst de rivier har yn in eastlike takke, de Nogat, dy nei it Wisłahaf streamt, en in westlike takke, de Deade Wisła (Martwa Wisła), dy't fia Gdańsk rint.

De rivier is sawat oeral befarber, mar allinnich foar boaten mei net folle djipgong. Foaral yn de omkriten fan Warsjau is de rivier meastal te ûndjip om befearn te wurden. Dêrtroch is der ek gjin kommersjele skipfeart mear mooglik, yn tsjinstelling mei bygelyks de Oder. Wichtige sydrivieren binne de San en de Narew (dy ek it wetter fan de Bug oanfiert).