[go: up one dir, main page]

Winchester (Ingelân)

Winchester is in stêd yn it Ingelske greefskip Hampshire. Yn de stêd wenje om-ende-by 40.000 ynwenners.

Winchester
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Distrikt Winchester
Greefskip Hampshire
Sifers
Ynwennertal 45.184 (2015)
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
Winchester City Council

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Winchester is in hiel âlde stêd dêr't al sûnt 2000 f.Kr. in minsklike delsetting wie. Yn de 2e iuw f.Kr. wie it de grutste izertiiddelsetting fan Ingelân. Yn 44 waard de stêd troch de Romeinen ferovere en krige de namme Venta Belgarum.

 
Katedraal fan Winchester

Yn de stêd stean in protte histoaryske bouwurken, wêrûnder de ferneamde 12e iuwske Tije-ienheidskatedraal, dêr't de grêven lizze fan ferskate Ingelske keningen en biskoppen.

In skoftlang hat de stêd tsjinne as haadstêd fan it âlde keninkryk Wesseks. Troch kening Aelfred de Grutte waard yn de 9e iuw fan Winchester de wichtichste stêd makke fan syn keninkryk en de stêd soe haadstêd bliuwe fan Ingelân oant-en-mei de ferovering troch Willem de Oermasterder yn 1066. Willem ferklearre sawol Winchester as Londen ta haadstêd en liet him yn beide stêden kroane. Letter krige Londen lykwols de oerhân. Yn de Midsiuwen wie de stêd in wichtich sintrum foar de wolhannel.

De romanskriuwer Jane Austen ferstoar yn Winchester op 18 july 1817 en is begroeven yn de katedraal.

De âlde Pilgrims Way set útein yn Winchester en rint nei Canterbury.

Der is wat lichte yndustry en de stêd jildt ek as sintrum foar de agraryske omjouwing.

Keppeling om utens

bewurkje seksje