[go: up one dir, main page]

Waadferiening

(Trochferwiisd fan Waadseeferiening)

De Lanlike Feriening ta Behâld fan de Waadsee (Waadferiening) is in natoerbeskermingsorganisaasje út Harns, dy't him sûnt de oprjochting yn 1965 ynset foar beskerming fan it waadgebiet, dat wol sizze de Waadsee, de Waadeilannen, dielen fan de fêste wâl dy't grinzje oan de Waadsee en dielen fan de Noardsee.

Waadferiening en Greenpeace demonstrearje op it Binnenhôf mei neimakke boartuorren tsjin de plannen foar oaljewinning yn it Waadgebiet, novimber 1983

Ynearsten wie de doelstelling dat de Waadsee as see behâlden wurde moast, om't der serieuze plannen wienen om in diel fan de Waadsee yn te polderjen. No't dit gefaar foarearst foarby is, giet de striid benammen om de natoer en it miljeu yn it waadgebiet, dit in de romste sin fan it wurd. It giet de feriening om it beskermjen fan de floara en fauna yn it gebiet lykas de seehûnen yn de Waadsee en de fegetaasje op de waadeilannen.

Aktiviteiten

bewurkje seksje

De Waadferiening sjocht kritysk nei de minsklike aktiviteiten yn en om it gebiet, lykas yndustry, dylchstofwinning, fiskerij en lânbou. Lytsskalige aktiviteiten wurde ûndersteund, as it karakter fan de eilannen en de natoer gjin skea tabrocht wurdt.

De Waadferiening nimt soms inisjativen ta duorsume aktiviteit, oerleit mei bewenners en brûkers yn it gebiet en sjocht ta op neilibjen fan relevante wetjouwing. Der binne nammentlik ferskilllende nasjonale wetten en ynternasjonale ferdraggen dy't de Waadsee beskermje moatte.

De Waadferiening set faak aksjes op tou om te besykjen foar it waadgebiet negative aktiviteiten te kearen. De lêste grutte aksje wie de fakkelaksje dy't bedoeld wie tsjin it boarjen nei gas yn de Waadsee.

Keppeling om utens

bewurkje seksje