[go: up one dir, main page]

It Us Heit of Pater Noster is in kristlik gebed rjochte oan God. It is in fan de bekendste gebeden yn de Tsjerke.

Neffens it evangeelje hat Jezus Kristus it sels oan syn oanhingers leard. Yn de Bibel is it gebed te finen yn Matteus 6:9-13 en - in wat koartere ferzje - yn Lukas 11:2-4. Sommige hânskriften fan Lukas binne wat langer, blykber útferbrede oan de hân fan Matteus (sjoch de fuotnoat yn de NBV). De hjirúnder steande werjeften geane út fan de langere ferzje.

Neffens rabbyn Aron Mendes Chumaceiro falt út de ynhâld de Joadske oarsprong fan it Us Heit op te meitsjen. It earste fers is gedieltlik Jesaja 63:15-16 en Ezechiël 36:23 en 38:23, it twadde fers Obadja 1:21 en 1 Samuël 3:18, it tredde fers út Spreuken 30:8, en it fjirde fers út Sirach 28:2. It fers "en lit ús net yn fersiking komme" stiet net yn it Alde Testamint. "Ferlos ús fan 'e kweade" komt út Psalm 119:133. It slot is wurdlik út 1 Kroniken 29:11.[1]

De âldste teksten fan it Us Heit dy binne oerlevere, binne yn it Koinè-Gryksk.

Koinè-Gryksk

bewurkje seksje
Πάτερ ἡμῶν ὁ ἐν τοῖς οὐρανοῖς
ἁγιασθήτω τὸ ὄνομά σου·
ἐλθέτω ἡ βασιλεία σου·
γενηθήτω τὸ θέλημά σου,
ὡς ἐν οὐρανῷ καὶ ἐπὶ τῆς γῆς·
τὸν ἄρτον ἡμῶν τὸν ἐπιούσιον δὸς ἡμῖν σήμερον·
καὶ ἄφες ἡμῖν τὰ ὀφελήματα ἡμῶν,
ὡς καὶ ἡμεῖς ἀφίεμεν τοῖς ὀφειλέταις ἡμῶν·
καὶ μὴ εἰσενέγκῃς ἡμᾶς εἰς πειρασμόν,
ἀλλὰ ῥῦσαι ἡμᾶς ἀπὸ τοῦ πονηροῦ.
[Ὅτι σοῦ ἐστιν ἡ βασιλεία καὶ ἡ δύναμις καὶ ἡ δόξα εἰς τοὺς αἰῶνας·]
ἀμήν.
Pater noster,
Qui es in caelis,
Sanctificetur nomen tuum.
Adveniat regnum tuum.
Fiat voluntas tua, sicut in caelo et in terra.
Panem nostrum quotidianum da nobis hodie,
Et dimitte nobis debita nostra,
Sicut et nos dimittimus debitoribus nostris.
Et ne nos inducas in tentationem:
Sed libera nos a malo.
Quia tuum est regnum,
Et potestas,
Et gloria in saecula.
Amen.
Us Heit yn 'e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn 'e himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden
sa't ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan 'e kweade;
want jowes is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen.

Ferskillen tusken protestanten en roomsk-katoliken

bewurkje seksje

Yn it Us Heit, so as gebrûkt troch de protestanten, komme elke trije de ûnderdielen fan in gebed werom, yn de katolike ferzje binne de ferskillen: 'bekoaring' yn pleats fan 'fersiking' en 'kweade' ynstee fan 'koarthakke':

  • Tankgebed: Lit jo namme hillige wurde, lit jo keninkryk komme, lit jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn 'e himel.
  • Smeekgebed: Jou ús hjoed ús deistich brea en ferjou ús ús skulden sa't wy ús skuldners ek ferjûn hawwe; en lit ús net yn fersiking komme, mar ferlos ús fan 'e kweade.
  • Belidende gebed: Want jowes is it keninkryk en de krêft en de hearlikheid oant yn ivichheid.

De slotwurden Want jowes is it keninkryk en de krêft en de hearlikheid oant yn ivichheid ûntbrekke yn de âldste hânskriften fan it evangeelje fan Matteus.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aron Mendes Chumaceiro - "Verdediging is geen aanval" - side 121-122