Tromsø
Tromsø (Samysk: Romsa) is de haadstêd fan de provinsje Troms og Finnmark yn it noarden fan Noarwegen. Tromsø hat in sintrumfunksje foar Noard-Noarwegen. De stêd leit omtrint op 70° noarderbreedte, wat oerienkomt mei de geografyske breedte fan Alaska en Sibearië. It plak leit benoarden de poalsirkel, wêrtroch 't tusken ein maaie en heal july de Midnachtsinne te sjen is. Fan ein novimber oant heal jannewaris hat de stêd te krijen mei de poalnacht. It stedssintrum en it fleanfjild lizze op it eilân Tromsøya, dat fia de 1.016 m lange Tromsøbrêge en in tunnel, mei it fêstelân en mei de 1.235 m lange Sandnessundbrêge mei it eilân Kvaløya ferbûn is. Tromsø hat 77.544 ynwenners (2022) fan wa't sa'n 40.000 op it sintrale eilân wenje. Mei in oerflakte fan 2.557,92 km2, wêrfan 1434 km2 op it fêstelân en de oare 1.124 km2 ferspraat oer meardere eilannen, is de gemeente Tromsø ien fan de meast grutte gemeenten fan Jeropa.
Tromsø | ||
Tromsø | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Troms og Finnmark | |
Gemeente | Tromsø | |
Sifers | ||
Oerflak | 2.557,92 km2 | |
dêrfan lân | 2.519,83 km2 | |
dêrfan wetter | 38,09 km2 | |
Ynwennertal | 77.544 (2022) | |
Befolkingstichtens | 31 inw./km | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeUt archeologyske fynsten docht bliken dat de streek al 10.000 jier lyn bewenne wie, wylst de Samyske kultuer op syn minst 2000 jier yn de tiid tebekgiet. De earste spoaren fan de Skandinavyske taal en kultuer fine se om 300 nei Kristus hinne. De earste tsjerke yn de regio waard yn 1252 boud en krige as namme De heilige Maria ticht by de heidenen. Om 1700 hinne wie der ymmigraasje út Finlân. De stêd krige yn 1789 hannelsrjochten en fiif jier letter stedsrjochten. Op dat stuit telde Tromsø amper 80 ynwenners.
Yn de 19de iuw wûn de stêd oan belang: der kamen in biskopssit, in ynstelling foar learare-oplieding, in museum en in bierbrouwerij. Om 1850 hinne hie Tromsø Hammerfest ferkrongen as sintrum foar de jacht yn de poalgebieten en dêrnei, yn it begjin fan de jierren 1900, tsjinne de stêd as ôfreishaven foar hiel wat ferneamde poalekspedysjes.
Yn 1940 wie it Noarske regear fanwegen de Twadde Wrâldkriich foar in koarte tiid útwykt nei de Tromsø. Alhoewol't op 12 novimber 1944 it Dútske slachskip Tirpitz yn de omkriten fan Tromsø ta sinken brocht waard, wist de stêd as iennichste yn Noard-Noarwegen sûnder grutte skea de kriich troch te kommen. Oan 'e ein fan de kriich bea Tromsø ûnderdak oan tûzenen flechtlingen út de regio Finnmark, dat folslein fernield waard doe't de Dútsers har weromlutsen.
Nei de kriich groeide de stêd hurd. Yn 1960 ferbûn in brêge Tromsø mei it fêstelân. De lofthaven waard yn 1964 iepene. Sûnt 1964 is it ynwennersoantal ferdûbele. De Iisseekatedraal (Ishavskatedralen) waard op 19 desimber 1965 ynwijd troch biskop Monrad Norderva. It moderne gebou hat in glêzen 35 m hege gevel. De stêd hat in universiteit, stichte yn 1968, dy't as de noardlikste universiteit fan de wrâld jildt. Oan de universiteit is in universitêr sikehûs ferbûn.
Yn 'e nacht fan 13 op 14 maaie 1969 waard it sintrum fan 'e stêd troch in flinke brân yn 'e jiske lein. De meastepart út hout oplutsen huzen foarmen in maklike proai foar it fjoer. Der foelen gjin deaden, mar mear as de helte fan 'e doetiidske 14.000 ynwenners fan it sintrum waard dakleas.
Ynfrastruktuer
bewurkje seksjeDe fleanfjild Langnes leit op 5km benoarden it stedssintrum fan Tromsø en hat ynlânske ferbiningen mei Oslo, Bodø en lytse fleanfjilden yn Noard-Noarwegen, mar ek mei Longyearbyen en Luleå. Tromsø wurdt eltse dei oandien troch de fearboaten fan de Hurtigruten (in mear as hûndert jier âlde Noarske passazjiers- en transporttsjinst). Dêrneist binne der snelboaten dy't de fear ferbiningen mei Finnsnes, Harstad en Skjervøy ûnderhâlde.
Berne yn Tromsø
bewurkje seksje- Bjarte Engen Vik (1971), Noardske kombinaasjeskyer
- Johann André Forfang (1995), skânsspringer
- Andreas Leknessund (1999), hurdfytser
Galery
bewurkje seksje-
Iisseekatedraal
-
Fjellheisen, kabelbaan nei de berch Fløya.
-
Tromsø sjoen fanôf berch Fløya
-
it noarderljocht boppe Tromsø
-
Haven fan Tromsø
-
De dom fan Tromsø
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|