Tolsumersyl
Tolsumersyl, ek bekend as “Tolzuma Zyl”, is in histoaryske brêge mei kearslûs (syl) yn de Tsjommer Feart yn Tsjom.
De syl siet yn de Slachtedyk, dy’t de gemeente Frjentsjerteradiel trochkruse fan súd nei noard, fan 'Jorna hûs' oant Getswerdersyl. De Slachtedyk hie tsien silen (slûzen) foar ôfwettering en skipfeart, wêrûnder Tolsumersyl.
De slachdrompelhichte fan de Tolsumersyl wie 4,50 meter. It ûnderhâld fan de syl wie oan de pleats 'Grut Tolsum', letter oan de Fiifdielen Seediken Binnendyks. De Tolsumersyl en ek Payesyl hiene net folle betsjutting foar de skipfeart en ôfwettering. It belang wie eartiids mooglik grutter doe't de Marneslinke noch bestie. Middels dy slinke koe it wetter rjochting Harns en Surch útrinne yn de Waadsee.
By de syl stiet in histoarysk skotbalkehokje.[1] De skotbalken waarden eartiids brûkt om de syl ticht te setten as it seewetter te heech kaam en it oer de dyk drige te slaan. De kiste markearret it eardere trijegemeentepunt. It smelle stikje lân oan de súdkant tusken de feart en de Slachte wie it uterste noardlike puntsje fan de gemeente Littenseradiel. Oan de westside lei Wûnseradiel en yn it easten it súdlike diel fan Frjentsjerteradiel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Silen fan de Slachtedyk | |
---|---|
Getswerdersyl
• Kystersyl
• Skieppesyl
• Payesyl
• Krommesyl
• Tolsumersyl
• Hidaardersyl
• Boazumersyl
• Sânleanstersyl
• Dillesyl
|