Josip Broz Tito
Josip Broz Tito, bynamme (maarskalk) Tito (Syrillysk: Јосип Броз Тито) (Kumrovec, 7 maaie 1892 – Ljubljana, 4 maaie 1980) wie in Joegoslavysk steatsman.
Tito wie ôfkomstich út in Kroatysk boerehúshâlding en tsjinne yn de Earste Wrâldkriich yn it Eastenryksk-Hongaarske leger dêr't er oan it Russysk front focht. Dêr waard hy kriichsfinzen en makke de Oktoberrevolúsje mei, wêrnei hy oerstapte nei it Kommunisme. Yn 1941 as Joegoslaavje troch Dútslân en Itaalje beset wurdt, nimt er de wapens op tsjin de ynkringers en lit er him kenne as partizanelieder. Hy wurdt de liedende krêft yn it ferset. Nei de Twadde Wrâldkriich ferwurf Tito de allinnichhearskippij foar de Kommunistyske Partij yn it lân. Hy wurdt premier fan Joegoslaavje en yn 1954 presidint, sûnt 1963 foar it libben.
Yn 1950 proklamearret Tito arbeidersselsbestjoer yn de bedriuwen. Yn de ynternasjonale polityk giet hy syn eigen paad en treedt op as de lieder fan de net-bûne lannen. Boppedat slagget hy deryn ûnôfhinklik fan de Sowjet-Uny in eigen ynlânske- en bûtenlânske polityk te fieren.
Yn eigen lân krijt Tito fan de jierren '70 te meitsjen mei it probleem fan etnyske en ideologyske tsjinstellingen. Tito reagearre dêrop troch mei suverings yn de partij en de ynfiering fan in federale grûnwet, dêr't de dominante posysje fan Servje yn beheine waard troch de autonome provinsjes Kosovo en Vojvodina yn feite lyk te stellen oan de seis republiken.
Ferstjerren fan Tito en de federaasje
bewurkje seksjeNei syn dea op 4 maaie 1980 krijt stadichoan Servje wer de oerhân yn Joegoslaavje. Syn libbenswurk is net bestân tsjin de iuwenâlde tsjinstellingen tusken de Servjers, Albanezen, Kroaten en Bosnjers. Yn de jierren '90 laat it opkommend nasjonalisme ta it útien fallen fan it Joegoslavyske steatebûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |