[go: up one dir, main page]

De Tigris (Arabysk: دجلة, Didjla, Armeensk: Տիգրիս Tigris, Turksk: Dicle) is in rivier yn it Midden-Easten, ien fan de twa grutte rivieren fan it eartiidske twastreamelân Mesopotaamje. De rivier is 1900 kilometer lang en streamt fanút de bergen fan East-Turkije (Koerdistan), lâns de Iraakske stêden Mosûl, Tikrit, Samarra en Bagdad nei it súdeasten. By Korna, sa om-ende-by 150 kilometer foar de útrin, komt de Tigris tegearre mei de Eufraat en streamt as de Sjatt al-Arab troch in grutte sompe nei de Perzyske Golf.

Ofwetteringsgebiet fan de Eufraat en de Tigris
De Tigris by Mosûl

It lân tusken de Eufraat en de Tigris is tige fruchtber en stie oan de widze fan ferskate âlde beskavings lykas dy fan de Sumearjers, de Babyloanjers en de Assyrjers.