[go: up one dir, main page]

Thijs Rinsema (Drachten, 18 juny 1877 – dêre, 1 maart 1947) wie in skuonmakker en keunstner. Rinsema wie in autodidaktysk skilder dy't in skoft yn kubistyske styl skildere en kollaazjes makke. Syn wurk is letter mear bedêst, drôgjend en realistysk. Skildert dan mear stillibbens mei bygelyks blommen en fruchten.

Kaart fan Theo van Doesburg oan de bruorren Rinsema
 
Brief fan Theo van Doesburg oan Evert en Thijs Rinsema, dd. 28 febrewaris 1920
 
Foarbyld fan figuratyf wurk fan Rinsema

Thijs wie lykas syn jongere broer Evert skuonmakker, wat er oant in jier foar syn dea bleau. Troch syn broer kaam Thijs yn de kunde mei Theo van Doesburg en syn wurk, wat makke dat er hieltyd mear rjochting de stilen, De Styl en Dada, skilderje soe.

Stadichoan moete er ek oare bekende keunstners en krige er in tal prizen foar syn wurk. Thijs wie as ien fan de earste keunstners dwaande mei it skilderjen fan fuotballers. VV Drachten iepene yn dy tiid, syn soan Dirk waard der lid fan, dat dêr gie er hinne te sjen om der de abstrakte skilderijen fan te meitsjen, dy't no syn ferneamste wurken binne. Ek tekene er hynders op de hurddraversbaan. Troch Van Doesburg kaam Thijs ek yn kontakt mei de Dútser Kurt Schwitters, mei wa't er oparbeide.

Hoewol't Thijs ynearsten net folle bining mei Dada hie, waard er dêr dochs faak mei identifisearre. Minsken groeten him faak mei 'dada' yn 't plak fan 'dei', wat er prachtich fûn. De jierren 1920-1930 wiene it hichtpunt fan syn wurken. Van Doesburg stoar yn 1931 en yn 1937 wie it ek dien mei it kontakt mei Kurt Schwitters, dy't dat jier, op de flecht foar it nazisme, nei Noarwegen ferfarre.

Moarns arbeide Thijs yn de skuonmakkerij en middeis gie er der op út om blommen te sykjen, dy't er yn in faas sette en dêrnei skildere. Drachten hie him net folle te bieden op kultuereel mêd, dat út en troch gie er nei Amsterdam of Rotterdam om dêr de musea, oare keunstners of (keunst)boekwinkels te besykjen.

Koart nei de oarloch krige er kanker wêr't er yn 1947 oan kaam te ferstjerren.

 
Keamer neffens ûntwerp fan Thijs Rinsema by de eksposysje yn 2011/2012, Museum Dr8888.

Inkelde wurken:

  • Abstrakte Komposysje (1923)
  • Portret fan Kurt Schwitters (1923) - Museum Smellingerlân
  • De idele kening (1920-1930)
  • Stillibben mei gitaar (1920-1930) - Museum Smellingerlân
  • Stillibben mei lampe
  • Fuotballer (1925)
  • Komposysje mei mandoline en blauwe tsjelk (1922)

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gebroeders Rinsema
  2. opening tentoonstelling
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Rinsema, Thijs.