[go: up one dir, main page]

Theodorus à Brakel

Theodorus à Brakel (ek: Dirk Gerrits à Brakel) (Inkhuzen, 1608Makkum, 14 febrewaris 1669) wie in Nederlânsk predikant yn de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke en skriuwer fan stichtlik wurk. Hy waard benammen ferneamd fan twa mystike geskriften, nammentlik Het geestelijck leven (1649) en De trappen des geestelijcken levens (1670). À Brakel hearde by de streaming fan de Fierdere Reformaasje.

Theodorus á Brakel

Theodorus à Brakel gie yn Inkhuzen nei de Latynske skoalle en wie nei't er boaske wie oan Grietje Willemsdr. Homma fan 1634 ôf skoalmaster yn Ljouwert. Fanwege syn frommens en kunde fan it kristlik leauwe waard er 1637 nei in eksamen troch de klassis Ljouwert sûnder akademyske oplieding talitten ta it amt fan predikant. Yn 1638 waard er predikant yn Bears en Jellum, 1652 gie er nei De Burch op Teksel, mar gie in jier letter al wer werom nei Fryslân, nei Makkum, dêr't er oant syn dea yn febrewaris 1669 ta bliuwe soe. Wilhelmus à Brakel (1635-1711), syn soan, wie ek in fertsjintwurdiger fan belang fan de Fierdere Reformaasje.

À Brakel wie in mystyk teolooch dy't him trochstrings net bemuoide mei de protte teologyske skelen fan de 17e iuw. Zijn asetyske, puriteinske libbenstyl makke op ferskate minsken in djippe yndruk, ûnder oaren op Anna Maria van Schurman.

A Brakel pleite yn syn boeken foar in strikte kristlike libbensrin mei in protte romte foar gebed, meditaasje en kontimplaasje. It deistich libben moast organisearre wurde om mominten fan stichtlike oertinking. Yn syn lêste geskrift joech er in skets fan de ûntjouwing fan it leauwenslibben dy't parallel rûn oan de ûntjouwing fan de minsk, fan bern oant folwoeksene. Syn stappen fertsjintwurdigje geastlike waaksen, mar binne gjin treppen fan ynwijing yn mystike geheimen. Teffens hat er it net oer it belibjen fan it ienwurden mei God, al beskriuwt er wol syn ûnderfining fan God Syn oanwêzigens yn tige ynlike wurden. À Brakels mystyk hat gjin esoterysk karakter, mar wol foar alle leauwigen tagonklik wêze.

  • Het geestelijck leven, ende de stant eenes gelovigen mensches, hier op aerden; uyt Godes Heyligh Woordt vergadert ende by een gestelt: sijn hier noch ... by ghevoeght eenige ken-teeckenen, waer uyt men hem kan versekeren datmen van Godt is bemint (Ljouwert, 1649; 38e druk: Het geestelijke leven en de stand van een gelovig mens hier op aarde, uit Gods woord vergaderd en bijeengesteld, Barneveld: Koster, 2000), ISBN 90-5551-165-X
  • Eenige christelijcke gebeden, ende danck-seggingen, om 's nachts, 's morghens, 's middaeghs, en 's avonts te gebruycken (Amsterdam, 1652; meast taheakke oan Het geestelijck leven)
  • Disputatie ofte Bevestigende de waerheyt, wederleggende de valschheyt, toonende de nutticheyt der menschwerdinge Jezu Christi ... Mennisten-brief (Amsterdam, 1664)
  • De trappen des geestelijcken levens (Amsterdam, 1670; 27e printinge: De trappen van het geestelijke leven, Barneveld: Koster, 2000), ISBN 90-5551-166-8
  • B.W. Steenbeek, Theodorus à Brakel, yn: Biografisch Lexicon voor de geschiedenis van het Nederlandse protestantisme 1 (Kampen: Kok, 1983; twadde printinge), 55-56, ISBN 90-242-2091-2
  • G.H. Leurdijk, Theodorus Gerardi à Brakel, yn: T. Brienen e.o., Figuren en thema's van de Nadere Reformatie (Kampen: De Groot Goudriaan, 1987), 52-63, ISBN 90-6140-301-4
  • T. Brienen, Theodorus Gerardi à Brakel (1608-1669), yn: T. Brienen e.o., De Nadere Reformatie en het Gereformeerd Piëtisme (Zoetermeer: Boekencentrum, 1989), 123-148, ISBN 90-239-1070-2