[go: up one dir, main page]

De Fizioenen fan Mary

(Trochferwiisd fan The Vision)

De Fizioenen fan Mary, yn it oarspronklike Ingelsk: The Vision, is in horror-roman fan 'e hân fan 'e súksesfolle Amerikaanske skriuwer Dean Koontz. It fertelt it ferhaal fan Mary, in jonge frou dy't hjitfolge wurdt troch skriklike fizioenen oer moarden dy't mei koarten begien wurde sille. It waard yn 1977 foar it earst útjûn, en yn 2005 waard it oerset yn it Frysk troch Henk Wolf.

De Fizioenen fan Mary
algemiene gegevens
oarspr. titel The Vision
auteur Dean Koontz
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre horror, detektive
1e publikaasje 1977, New York
oarspr. útjwr. G.P. Putnam's Sons
kodearring
ISBN 0 39 91 20 637
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fizioenen fan Mary
publikaasje 2005, Ljouwert
útjouwer ELF
oersetter Henk Wolf
ISBN oers. 9 05 61 51 10X

Mary Bergen is jonge heldersjende frou dy't al withoelang efterfolge wurdt troch skriklike fizioenen oer takomstige moarden. Tegearre mei har broer, Alan Tanner, en har tweintich jier âldere man, Maks Bergen, besiket hja yn gearwurking mei de plysje dy moarden foar te kommen, mar dat slagget net altiten. Hoewol't se it goed dwaan kin troch in pear bestsellers dy't se oer har ûnderfinings skreaun hat en mei in fêste kollum dy't se yn 'e krante hat, gripe de fizioenen Mary alderaaklikst oan en woe se wol graach dat se derfan ferlost wie. Har swierrichheden wurde noch slimmer makke trochdat har man en har broer inoars bloed wol drinke kinne. Alan mient dat Maks in parasyt is dy't allinne mar mei har troud is om it jild. Maks leaut dat Alan har altyd moai ûnder de tomme holden hat en him bedrige fielt no't er har de wet net mear foarskriuwe kin.

Nei behelle west te hawwen yn in plysje-operaasje wêrby't in moardner deasketten waard, hopet Mary einlik in bytsje rêst te krijen as Alan in pear wiken op fakânsje giet. Mar krekt dan rekket se oanhelle mei de freeslikste fizioenen dy't se ea hân hat. Dêrby sjocht se hoe't ferskate froulju op in skriklike manear seksueel misbrûkt en ôfslachte wurde, en der is neat dat Mary dwaan kin om it foar te kommen, want eltse kear as se besiket it gesicht fan 'e dieder te sjen, bart der wat dat it fizioen ôfbrekke lit. Dr. Cauvel, Mary har psychiater, is derfan oertsjûge dat de kaai ta de fizioenen yn in trauma út har jonkheid socht wurde moat, mar Mary is benaud foar wat se ûntdekke sil as se te djip yn it ferline omdolt. Se wit dat hja as bern misbrûkt is troch ien fan har buorlju, deselde dy't alle húsdieren fan har broer Alan deamakke, mar it eigentlike misbrûk kin se har net mear tebinnenbringe.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Behalven heldersjendheid hat Mary ek noch oare krêften, al is se har dêr earst sels net fan bewust. By in besyk oan dr. Cauvel wurde se allebeide op in stuit bekûgele mei de hûnderten glêzene hûntsjes dy't de psychiater samlet, dy't samar út syn fitrine op harren ta fleane. Mary leaut dat de geast fan 'e moardner waans dea oft se oan it begjin fan it boek tsjûge fan wie, dêr ferantwurdlik foar is, mar Cauvel fermoedet dat sysels oer telekinetyske krêften beskikt en dy sûnder erch brûkt hat, mei't er har, op it stuit dat it ynsidint him foardie, hast oan 'e praat krigen hie oer har misbrûk. Letter is der noch in soartgelikens foarfal wêrby't Mary en Maks oanfallen wurde troch tsientallen seefûgels as Maks har tefolle ûnder druk set.

Mei Maks giet Mary nei it stedsje King's Point ta, dêr't de folgjende moard plakfine sil. Om't de pleatslike plysje net meiwurkje wol, besiket Mary om 'e moardner tsjin te hâlden mei allinne de help fan Maks en in freon fan harren, de alkoholistyske sjoernalist Lou Pasternak. Der komme hieltyd mear oanwizings dat de moardner immen út Mary har eigen om-en-by is, en op krúsjale mominten, as der moarden plakfine, is Maks om ferskate redens net by har. Dat ropt de fraach op hoe goed oft hja har man eins ken; se binne noch mar fjouwer moanne troud en koene inoar foar harren houlik pas seis wike.

It ferhaal berikt in klimaks as Mary, Maks en Lou Pasternak de moardner jûns nei tsjuster opwachtsje by in hege toer yn King's Point, dêr't er neffens har lêste fizioen in optocht wei besjitte sil. Maks en Mary brekke yn om 'e man binnendoar oer it mad komme te kinnen, wylst Pasternak bûten op 'e útkyk bliuwt. As se deryn binne, stjoert Maks Mary nei boppen ta, wylst er sels ûnder bliuwt. Dan wurdt Pasternak bûten delstutsen troch immen dy't er ken. Mar Maks is noch altiten ûnderyn de toer en it blykt Mary har broer Alan te wêzen dy't mei in mûklist ek Maks wit te oerfallen en út te skeakeljen. As er Mary dan boppe yn 'e toer opsiket en mei wurden narret, komme by har einlik alle ferkrongen oantinkens oan har misbrûk wer boppe: it wie net de buorman, mar Alan dy't de dieder wie, Alan dy't as jonge syn eigen húsdieren deafoltere en Alan dy't de searjemoardner is dêr't se no efteroan sitte. Yn in opwâling fan razende hate grypt Mary dan de flearmûzen dy't yn 'e toer omhúsmanje en sa't se dat earder ûnbewust mei de seefûgels dien hat, docht se no mei de flearmûzen: se lit harren Alan fan alle kanten oanfalle. Under de wrakseling mei de dûme bisten miteret Alan yn it trepsgat en falt hielendal nei ûnderen ta, wat er net oerlibbet. It boek einiget mei Mary dy't weromkomt fan in begraffenis. It is earst ûndúdlik oft Maks oan syn ferwûnings beswykt is, mar it docht bliken fan net, want hy wachtet op har yn it sikehûs; de begraffenis wie Lou Pasternak sines.

Fryske oersetting

bewurkje seksje

Yn 2005 waard The Vision fertaald yn it Frysk troch Henk Wolf, ûnder titel De Fizioenen fan Mary. It waard yn it ramt fan it projekt "Fryske Horror" útjûn troch Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF), mei stipe fan 'e Provinsje Fryslân, de Douwe Kalma Stifting, de Ried fan de Fryske Beweging en it LIRA Fonds. It boek is troch Henk Wolf oerset yn prachtich geef Frysk. Sawol de beskriuwende tekstdielen as de dialogen rinne as in trein. By dy dialogen hat Wolf sprektaal werjûn op in manear dy't net in protte foarkomt, mei frazes as "Idder wat?" en "Wat idderoan?" Fierders brûkt er argaïsmen en neologismen dy't, ôfhinklik fan hoe't de lêzer tsjin soks oansjocht, treflik frysksinnich of in bytsje komysk oerkomme sille, lykas "fjildwachter" foar sheriff en "rinprater" foar walkie-talkie.

Oare oersettings

bewurkje seksje

The Vision fan Dean Koontz is yn elts gefal alve kear oerset.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.