Theunis Piersma
Theunis Piersma (Kûbaard, 14 juny 1952) is Frysk astronoom, wiskundige en learaar, dy't bekendheid krige as politikus fan 'e FNP.
Theunis Piersma | ||
politikus | ||
echte namme | Theunis Piersma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 14 juny 1952 | |
berteplak | Kûbaard (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | FNP | |
wethâlder fan Tytsjerksteradiel | ||
amtsperioade | 1994 – 1995 | |
boargemaster fan Wûnseradiel | ||
amtsperioade | 1995 – 2011 | |
foargonger | Meinte Abma | |
opfolger | — (funksje ferfallen) | |
boargemaster (wnd) fan Menameradiel | ||
amtsperioade | 2017 – 2018 | |
foargonger | Tom van Mourik | |
opfolger | — (funksje ferfallen) |
- Dizze side giet oer de politikus Theunis Piersma. Foar de biolooch, sjoch: Theunis Piersma (biolooch).
Libben en karriêre
bewurkje seksjePiersma waard yn 1952 as boeresoan berne yn Kûbaard, yn it doetiidske Hinnaarderadiel. Hy studearre astronomy oan 'e Ryksuniversiteit Grins en begûn neitiid syn wurkpaad as dosint wiskunde oan ferskate HBU-opliedings yn Ljouwert. Yn 1994 waard er foar de FNP wethâlder yn Tytsjerksteradiel, wêrfoar't er syn baan as dosint oan 'e Thorbecke Akademy yn Ljouwert opjoech.
Fan 16 oktober 1995 oant 1 jannewaris 2011 wie Piersma boargemaster fan 'e gemeente Wûnseradiel. Mei syn oanstelling as yn dy funksje yn 1995 wie Piersma de earste boargemaster fan de FNP[1] en de earste boargemaster yn Nederlân dy't net lid wie fan in lanlike politike partij.[2]
Yn 2007 begûn Piersma oan syn tredde perioade as boargemaster fan Wûnseradiel, in termyn dy't er lykwols net folmeitsje koe om't de gemeente op 1 jannewaris 2011 opgie yn 'e nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân. Dêrmei kaam Piersma syn funsksje te ferfallen. Op 15 july 2017 waard er waarnimmend boargemaster fan Menameradiel, oant dy gemeente op 1 jannewaris 2018 opgie yn de nije fúzjegemeente De Waadhoeke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|