Ter Aar
Ter Aar, yn de folksmûle ek wol Aardam, is in plak yn de gemeente Nieuwkoop yn de provinsje Súd-Hollân. Oant 2007 wie it in selsstannige gemeente, dy't dat jier 9000 ynwenners en in oerflakte van 21,71 km² hie (wêrfan 2,36 km² water).
De gemeente Ter Aar is op 1 jannewaris 2007 mei Liemeer en Nieuwkoop opgean yn de gemeente Nieuwkoop.
Lizzing
bewurkje seksjeTer Aar leit flakby Alfen oan de Ryn en op 30 km fan Amsterdam. Wat sneldiken oanbelanget leit Ter Aar net sa geunstich: de opritten dy't it tichtsteby binne lizze by Bodegraven (A12) en Leimuiden (A4), dêr't Ter Aar krekt tuskenyn leit.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Ter Aar is ôflaat fan it kanaal 'De Aar', it hjoeddeiske Aarkanaal.
Gemeentewapen
bewurkje seksjeBy keninklik beslút is op 28 desimber 1859 oan de gemeente Ter Aar in wapen ferliend. De beskriuwing fan it wapen ist: "wêzende in skyld parti, it earste diel fan kiel (read), it twadde fan goud mei in klimmende foks fan kiel".
Oare kearnen
bewurkje seksjeôf.
De oare kearnen binne Korteraar, Langeraar en Papenveer. Oantal ynwenners per kearn per 1 jannewaris 2005:
Kearn | Oantal ynwenners |
Aardam | 4686 |
Korteraar | 765 |
Langeraar | 2435 |
Papenveer | 1106 |
totaal | 8992 |
Fúzje
bewurkje seksjeOp 1 jannewaris 2007 fusearret de gemeente Ter Aar mei de gemeenten Liemeer en Nieuwkoop. De nije namme is noch net bekend. Op 't heden wurdt de nije gemeente oantsjutten as Nieuwkoop, mar de namme sil wierskynlik noch feroarje.
Berne yn Ter Aar
bewurkje seksje- Petra de Bruin, hurdfytster
- Jody Pijper, sjongster
- Lenie van der Hoorn, reedrydster (earste froulike winner Alvestêdetocht yn 1985)
- Jan W. van der Hoorn, reedrider (winner Alvestêdetocht 1947)
- Jos Valentijn, hurdrider (sprintôfstannen)
- Jan J. van der Hoorn, reedrider (diskwalifisearre yn 'e Alvestêdetocht 1956)
- Mariska van Rossenberg, freondinne fan Frans Bauer
Basisskoallen
bewurkje seksje- De Fokseskâns
- De Fontein
- It Kompas
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ter Aar fan Wikimedia Commons. |