[go: up one dir, main page]

Sven Nordqvist (Helsingborg, 30 april 1946) is in Sweedsk skriuwer en yllustrator fan berneboeken. Hy is it meast ferneamd fan syn rige 'Pettson en Findus', oer in âlde boer, Pettson, en syn tûke kat, Findus.

Sven Nordqvist yn 2010.

Nordqvist waard berne yn Helsingborg en grutbrocht yn Halmstad, Sweden. Hy woe yllustrator wurde, mar waard troch ferskate keunstakadeemjes ôfwiisd. Yn it plak dêrfan studearre er doe arsjitektuer oan it Technologysk Ynstitút fan Lund en wie dêr ek in skoft learaar arsjitektuer. Tagelyk besocht er wol om oan it wurk te kommen as yllustrator en dat slagge ek. Hy makke advertinsjes, posters en plateboeken. 1983 wûn er de earste priis yn in berneboekewedstriid, sûnt hat er him allinne noch talein op it skriuwen en yllustrearjen fan berbeboeken.

Nordqvist hat sawol Dútske as Sweedske prizen wûn. De Pettson en Findus-boeken binne benammen populêr yn Dutslân. 'Pettson en Findus' waard teffens bewurke foar telefyzje yn 1999.

Yn 2007 wûn er de literêre Augustpriset yn de kategory berneboek, foar it boek Var är min syster? ('Wêr is myn suster?'). Yn 1992 krige er de Deutscher Jugendliteraturpreis.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ingelsktalige Wikipedia, Sven Nordqvist