[go: up one dir, main page]

Stienwyk[2] (Nederlânsk en offisjeel: Steenwijk) is in stêd yn de provinsje Oerisel. It is mei 17.495 ynwenners (1 jannewaris 2023) it haadplak en teffens it grutste plak yn de gemeente Stienwikerlân. Yn 1327 krige Stienwyk stedsrjochten. Fan 1814 oant 2001 wie it in selsstannige gemeente. Stienwyk is it grutste plak yn de Kop fan Oerisel.

Stienwyk
Steenwijk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Oerisel
gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 17.495 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Stifting midsiuwen
Ferkearsieren A32 N333 N334
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 47' NB, 6° 8' EL
Sintrum fan Stienwyk sjoen fan de Sint-Klemenstoer
Sintrum fan Stienwyk sjoen fan de Sint-Klemenstoer
Kaart
Stienwyk (Oerisel)
Stienwyk
 
Belis troch de greve fan Rennenberch ( 1580-1581).

Fan âlds is Stienwyk in âlde fêstingstêd. De grêften en stedswâlen binne út de tiid fan de Tachtichjierrige Oarloch, doe't Stienwyk in strategysk plak wie yn de striid tusken de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en Spanje.

Yn 1568 wist it stedsbestjoer de inkertiering fan Spaanske troepen troch Alva noch ôf te keapjen mei 112 goudgûnen, mar yn 1572 namen de spanningen wer ta. Diskear wie it Willem fan de Berch dy't Stienwyk foar Willem fan Oranje ferovere. Dy steatske besetting duorre lykwols mar in pear moanne. De werovering fan Sutfen troch it Spaanske leger makke dat dêr sokke grouwélige berjochten wei kamen dat it Steatske leger al gau de stêd ferliet en Stienwyk wer keningsgesind waard.

Oant maart 1577 soarge in kontingint militêren út Walloanje foar it hanthavenjen fan it Spaanske gesach. De Steaten fan Oerisel wisten lykwols troch it beteljen fan efterstallige soldij dy besettingsmacht fuort te krijen en keazen yn maart 1580 de side fan de Opstannelingen as reaksje op it oerrinnen fan greve fan Rennenberg.

De Oeriselske Steaten hienen soarge foar de oanwêzichheid fan in kompanjy soldaten ûnder lieding fan kapitein Olthof. Yn oktober kaam noch in 2e kompanjy ûnder lieding fan Johan fan de Kornput yn Stienwyk oan. De oare deis begûn de Spaanskgesinde George de Lalaing, greve fan Rennenberch, mei in leger fan mear as 7.000 man syn Belis fan Stienwyk (1580-1581). De besjittings fan novimber yn dat jier ferneatigen in 70-tal wennings en foarmen in besiking foar de ynwenners fan de stêd en de lytse ferdigeningsmacht fan mar 600 soldaten. It duorre oant desimber eardat der help kaam fan it Steatske leger ûnder lieding fan de Ingelske oerste John Norritz. 23 febrewaris 1581 joech greve Rennenberch, wyls ek slim siik wurden, syn belis op en waard Stienwyk ûntsetten. Dat Stienwyk stân hâlde yn it fjouwer moanne duorjende belis kaam troch it krêftige optreden fan hopman Johan fan de Kornput. De greve fan Rennenberch stoar in pear moannen letter en waard begroeven yn de Martinitsjerke yn Grins. De yneine Stienwikers hienen oars net folle wjerstân mear en krigen yn 1581 ek noch ris te krijen mei in pestepidemy. Fan de 2.500 ynwenners stoaren der yn in koart skoftke tiid 2.300.

 
Kaart fan it belis fan Stienwyk yn 1592.

Al yn novimber 1582 slagge it de Spanjerts ûnder lieding fan Juan Baptista de Taxis Stienwyk opnij yn besit te nimmen, wêrtroch't de oerbleaune protestanten hoopstoops de stêd út flechten. Stienwyk waard in Spaansk bolwurk, mei noch mar 50 fan de oarspronklike bewenners, en foarme in konstante bedriging foar de Opstannelingen. Allinnich Fryslân, Seelân, Hollân en Utert wienen net yn Spaanske hannen. De driging fan in werovering troch steedhâlder Maurits fan Oranje yn 1591 soarge foar in wer opbouwen fan de ferdigeningswurken fan de stêd. Yn koarte tiid wisten de Spanjerts grutte ferbetterings oan te bringen en waard de legermacht útwreide oant mear as 1.000 man (benammen Walen en Boergonjers) ûnder lieding fan Anthonie de Coquel.

Dochs wie it allegearre net genôch. Op 28 maaie 1592 ferskynden prins Maurits en Willem Loadewyk foar de stêd mei in leger fan 8.000 man en sluet alle tagongswegen hermetysk ôf, wêrnei't Stienwyk fannijs in belis ûndergean moast. Op 5 july 1592 nei in fûle striid dy't 44 dagen duorre joegen de Spanjerts har oer. Ek diskear hie Johan fan de Kornput net swak by spile, by it feroverjen fan Stienwyk troch it Steatske leger. Al dy oarloggen en besettings hienen lykwols harren tol ferge; Stienwyk wie praktysk finaal yn pún sketten en de ferdigeningswurken moasten nedich opknappe wurde. It duorre lykwols oant 1597, nei in mislearre oanfal fan de Spaanskgesinde greve Freark fan de Berch, eardat de Ried fan Steat de middelen beskikber stelde foar weropbou fan de ferdigeningswurken.

Stienwyk leit yn de kop fan Oerisel op de grins fan inkele driuwwâllen (de Wâldberch en de Havelterberch) en it leechfeangebiet fan Giteren, De Wieden en de Weerribben. Troch Stienwyk streamt fanâlds in rivierke, de Stienwiker Aa, dat ûntstien is troch raanwetter. Letter is dy Stienwiker Aa kanalisearre. Foarby Stienwyk makket it no de stêd berikber foar skipfeart ûnder de namme Stienwiker Djip. Oan it Stienwiker Djip leit in lytse jachthaven. It stedsbyld wurdt bepaald troch de Sint-Klemenstoer, mei syn hichte fan 87 meter de fjirtjinde heechste tsjerketoer fan Nederlân.

De namme hâldt ferbân mei de soad swerfstiennen dy't yn de omkriten yn de grûn sitte.

De stêd hat in regionale funksje (winkels, skoallen, wurkgelegenheid) foar in grutte regio (Kop fan Oerisel, Súdwest-Drinte).

Stienwyk fierde yn 2005 dat it 750 jier lyn stedsrjochten krige.

Wiken en yndustryterreinen

bewurkje seksje
 
Kaart fan it sintrum fan Stienwyk
 
It sintrum fan Stienwyk

De stêd Stienwyk bestiet út de wiken:

  • Stienwyk-Sintrum
  • Stienwyk-West
  • Stienwikerdjip
  • Toerlannen
  • Eastwiken, de Beitel
  • Klingenborch
  • Wâldmiente
  • Eastermiente
  • Mienterâne
  • De Gagels
  • Nije Gagels
  • Kornputkertier (yn oanbou)

Yn Stienwyk lizze 2 gruttere yndustryterreinen:

  • Grut Ferlaat
  • Dolderkanaal

Resinte gebietsûntwikkelingen by Stienwyk binne Tuk-Noard, Kornputkertier, De Skâns en Eeserwâld.

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

De stêd Stienwyk leit geunstich wat ferkearsieren oangiet. It hat 3 ôfritten oan de A32: Stienwyk-Súd, Stienwyk en Stienwyk-Noard. Boppedat rinne der ferskate provinsjale wegen fan en nei Stienwyk: de N333 en de N334. Stienwyk hat ek in eigen rûnwei dy't oerrint fan de Meppelerwei oer de Skânswei om úteinlik as Súdfeanskewei gear te kommen mei de N333. Dizze rûnwei soarget derfoar dat èn it suden èn it westen fan de stêd èn it doarp Súdfean goed berikber binne fan de A32 ôf, fan de ôfslach Stienwyk-Súd ôf.

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

Stienwyk hat in spoarstasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Swol, Stasjon Stienwyk.

Buslinen yn Stienwyk:

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Grutte of Sint-Klemenstsjerke
 
It sintrum mei de toer fan de Sint-Klemenstsjerke op 'e eftergrûn
 
Histoarysk sintrum Stienwyk
  • Torenbier; bier ta gelegenheid fan Stienwyks 750-jierrich bestean.
  • Stienwiker goudmoppen; "spesjale" Stienwiker koekjes

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  2. Bûsboekje 2005, Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248, s. 152.

  Stienwikerlân  
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
  ·   · Berjocht bewurkje