Stony (taal)
It Stony (Ingelsk: Stoney; Stony: Nakhóda, útspr.: [na'kʰo:da]) of Nakoda is de lânseigen taal fan 'e Stony (Stoney), in Yndiaansk folk út westlik Kanada. Inkeld wurdt it ek wol Alberta-Assiniboin neamd. It is in Sûaanske taal, dy't sprutsen wurdt yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, troch krapoan 3.200 minsken.
Stony | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Stoney, Nakoda | |
eigen namme | Nakhóda | |
lânseigen yn | Kanada | |
tal sprekkers | 3.200 (2011) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk ● Westsûaansk ● Mississippydelling-Sûaansk ● Dakotaansk ● Assiniboin-Stony ● Stony | |
dialekten | Noardlik Stony, Súdlik Stony | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | sto |
Taalbesibskip
bewurkje seksjeIt Stony is nau besibbe oan it Assiniboin, wêrmei't it de Assiniboin-Stony-kloft binnen de Dakotaanske talen foarmet. Hoewol't it Stony healwei de achttjinde iuw út it Assiniboin fuortkommen is, binne de beide talen tsjintwurdich net mear ûnderling fersteanber. It Assiniboin sels hat him likernôch healwei de santjinde iuw ôfspjalten fan it Sû (Sioux), dat de oare tûke fan 'e Dakotaanske talen foarmet. De Dakotaanske taalkloft is wer ûnderdiel fan 'e gruttere Sûaanske taalfamylje. Hjirûnder foar de dúdlikheid in lyts oersjoch fan 'e bredere Dakotaanske taalgroep, mei alle synonimen derby jûn.
|
Fersprieding en sprekkers
bewurkje seksjeIt taalgebiet fan it Stony striek him oarspronklik út oer in grut part fan it wâldgebiet direkt benoarden de Grutte Flakten en oant yn 'e Rocky Mountains. Dêr wurdt it noch altiten sprutsen, mar tsjintwurdich is it taalgebiet fersnipele rekke en de taal sels ûnder grutte druk kommen te stean fan it Ingelsk. Der binne no twa enklaves, ien yn it suden fan Alberta, westlik en noardwestlik fan Calgary, en ien yn sintraal Alberta, bewesten Edmonton. Dy beide gebieten falle gear mei de beide dialekten fan it Stony, it Noardlik Stony of Wâld-Stony, en it Súdlik Stony of Berch-Stony. Hoewol't se net mear deun byinoar sprutsen wurde, binne de beide dialekten noch sûnder muoite ûnderling fersteanber. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 soene der doe 3.160 sprekkers fan it Stony west hawwe. Op in etnyske groep fan sa'n 7.900 minsken komt dat prosintueel sjoen del op 40,0% fan 'e minsken.
Fonology
bewurkje seksjeIt Stony hat twa ûnderskate staveringen, ien foar Noardlik Stony en ien foar Súdlik Stony, dy't inoar net sa'n mâle soad ûntrinne, mar dochs op wichtige punten ferskille. Beide systemen binne oanpaste foarmen fan it Latynske alfabet.
- Noardlik Stony: a, â, b, c, d, e, g, h, i, î, j, k, m, n, o, p, r, s, sh, t, u, û, w, x, y, z, zh en ɂ
- Súdlik Stony: a, â, b, ch, d, e, g, h, i, î, j, k, m, n, o, p, rh, s, t, th, u, û, w, y en z
Alfabet fan it Noardlik Stony
bewurkje seksjeA a | Â â | B b | C c | D d | E e | G g | H h |
I i | Î î | J j | K k | M m | N n | O o | P p |
R r | S s | Sh sh | T t | U u | Û û | W w | X x |
Y y | Z z | Zh zh | Ɂ ɂ |
Alfabet fan it Súdlik Stony
bewurkje seksjeA a | Â â | B b | Ch ch | D d | E e | G g | H h |
I i | Î î | J j | K k | M m | N n | O o | P p |
Rh rh | S s | T t | Th th | U u | Û û | W w | Y y |
Z z |
Fonetyk
bewurkje seksjeBeide dialekten hawwe fiif lûden: a ([a] as yn "ham"), e ([e], lykas yn "leed", mar koarter), i ([i] as yn "wyt"), o ([o] as yn "bok") en u ([u] as yn "tûk"). Dy kinne allegear sawol koart as lang wêze; binne se lang, dan krije se in skerpteken (á [a:], é [e:], í [i:], ó [o:], ú [u:]). Ek binne der trije nasale klanken, dy't skreaun wurde mei in kapke of breedteken: â ([ã]; lykas yn "aanst", mar dan koart), î ([ĩ] as yn "hyns") en û ([ũ] as yn "fiifpûns").
Wat de bylûden oanbelanget, binne der ferskillen. De letters b, d, m, n, g en h yn it Noardlik Stony en b, d, g, h, m, n, s en z yn it Súdlik Stony wurde krekt-en-gelyk útsprutsen as yn it Frysk. Yn beide dialekten binne de j, w en y de bekende dzj [ʤ] fan "siedzje", de w [w] fan "skowe", resp. de j [j] fan "jas". Yn beide dialekten wurde fierders de k [kʰ], de p [pʰ] en de t [tʰ] aspirearre útsprutsen, dus mei in lyts h-ke derefteroan, bekend fan "Marthinithoren". De c yn it noardlike en de ch yn it súdlike dialekt jouwe (deselde) klank wer: de aspirearre tsj [ʧʰ].
De s yn it Noardlik Stony en de th yn it Súdlik Stony steane foar de stimleaze th [θ] fan it Ingelske thin, wylst de z fan it Noardlik Stony foar de stimhawwende th [ð] fan it Ingelsk this stiet, in klank dy't it súdlik dialekt net hat. De sh en zh fan it Noardlik Stony binne dan wer de gewoane s [s] en z [z] fan "sân" en "bazen".
Dan binne der twa ûnbekende kielklanken. De earste is de [ħ], sis mar in yn 'e kiel útsprutsen stimleaze h (de stimleaze faryngale wriuwklank, yn taalkundich jargon), dy't yn it noardlike dialekt skreaun wurdt mei de x, en yn it súdlike dialekt mei as rh. De twadde is de [ʕ], in yn 'e kiel útsprutsen stimhawwende h (de stimhawwende faryngale wriuwklank), dy't yn it Noardlik Stony skreaun wurdt as de r, en yn it Súdlik Stony net foarkomt. Ta einbeslút is der dan noch glottisslach ([ʔ]), de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje". Dy komt yn beide dialekten foar, mar wurdt yn it Súdlik Stony net skreaun. It Noardlik Stony brûkt der it teken ɂ foar.
Hjirûnder foar de dúdlikheid noch eefkes in skematysk oersjoch (dat net alhielendal op alfabet stiet om't de alfabetisearring fan 'e fonemen yn 'e beide dialekten net hielendal lykop rint).
IPA | Noardlik Stony | Súdlik Stony |
---|---|---|
a | a A | a A |
ã | â Â | â Â |
b | b B | b B |
ʧʰ | c C | ch Ch |
d | d D | d D |
e | e E | e E |
ɡ | g G | g G |
h | h H | h H |
i | i I | i I |
ĩ | î Î | î Î |
ʤ | j J | j J |
kʰ | k K | k K |
m | m M | m M |
n | n N | n N |
o | o O | o O |
pʰ | p P | p P |
ʕ | r R | (komt net foar) |
s | sh Sh | s S |
θ | s S | th Th |
tʰ | t T | t T |
u | u U | u U |
ũ | û Û | û Û |
w | w W | w W |
ħ | x X | rh Rh |
j | y Y | y Y |
z | zh Zh | z Z |
ð | z Z | (komt net foar) |
ʔ | ɂ Ɂ | (net skreaun) |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar de stavering (ortografy) fan it Stony, sjoch: Languagegeek.com Foar oare boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |