[go: up one dir, main page]

Swingel is in Frysk tydskrift útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging. It earste nûmer ferskynde yn begjin 2000. It blêd wurdt útjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân. Yn de begjinjierren ferskynde Swingel ûnregelmjittich, tsjintwurdich trije kear jiers. De stikken yn Swingel geane meast oer Fryske taal en kultuer yn de breedste sin fan it wurd.

It ‘full color magazine’ giet net allinne nei de stipers fan de Ried, mar wurdt ûnder oare ek ferspraat yn sikehuzen en biblioteken. De oplage is om de 600 stik hinne. Der is in fêste redaksje. Sûnt juny 2013 is Pier Bergsma einredakteur.

Keppeling om utens

bewurkje seksje