Skarsterlân
Skarsterlân (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Scharsterland) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân, dy't op 1 novimber 2013 27.467 ynwenners hie.[1] De gemeente besloech in oerflak fan 216,8 km², wêrfan 31,5 km² wetter.
Skarsterlân | |
---|---|
Strjitbyld út it sintrum fan De Jouwer. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Skarsterlân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | De Jouwer |
grutste plak | De Jouwer |
ynwennertal | 27.467 (2013) |
befolkingstichtens | 148,2 / km² |
oerflak | 216,80 km² |
● wêrfan lân | 185,26 km² |
● wêrfan wetter | 31,54 km² |
tal doarpen | 30 |
ferkearsieren | A6, A7, A32, E22, N354 |
skiednis | |
oprjochte | 1984 |
oant 1851 | Gritenij Doanjewerstâl Gritenij Haskerlân Gritenij Skoatterlân (diel) Gritenij Utingeradiel (diel) |
1851 – 1934 | Gem. Doanjewerstâl Gem. Haskerlân Gem. Skoatterlân (diel) Gem. Utingeradiel (diel) |
1934 – 1984 | Gem. Doanjewerstâl Gem. Haskerlân Gem. It Hearrenfean (diel) Gem. Utingeradiel (diel) |
opheft | 2014 |
opgien yn | De Fryske Marren It Hearrenfean |
no part fan | De Fryske Marren It Hearrenfean |
oar | |
netnûmer | 0513, 0514, 0566 |
postkoade | 8461–8544 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.skarsterlan.nl |
Skiednis
bewurkje seksjeDe gemeente Skarsterlân waard yn it ramt fan 'e gemeentlike weryndieling fan 1984 foarme út 'e âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl, mei dêropta it doarp Nijbrêge fan 'e gemeente It Hearrenfean en de doarpen Eagmaryp en Terkaple fan 'e eardere gemeente Utingeradiel.
Op 1 jannewaris 2014 is de gemeente fúzjearre mei Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat, sadat de nije gemeente De Fryske Marren ûntstie. De beide doarpen Nijbrêge en Haskerdiken binne nei de gemeente It Hearrenfean oergien.
Namme
bewurkje seksjeYn de simmer fan 1979 waard de namme Skarsterlân foasr it earst neamd yn in rapport fan Deputearre Steaten oer de kommende gemeentlike weryndieling yn Fryslân.[2]. De namme ferwiist nei de skarren: i stik lân dêr't boeren mienskiplik fee rinne lieten. De skarren leine om Skarsterbrêge yn de gemeente Doanjewerstâl, krekt besuden de grins mei Haskerlân.
Yn 1980 dûkte de namme Skarsterlân op troch Hans Wiegel, de destiidske minister fan Binnenlânske Saken om de gemeentenammen net Frysk meitsje te litten, mar Nederlânsk of offisjeel twatalich.[3][4] Nei in soad diskusjes waard ta weryndieling besletten om de nije gemeente wetlik de namme Scharsterland te jaan yn de Wet ta Gemeentlike Weryndieling fan Fryslân. Tagelyk waard ek bepaald dat de gemeente sels kieze mocht om de namme oer te nimmen of te wizigjen.[5]
Yn maart 1984 besleat de krekt beneamde gemeenteried fan de nije gemeente Skarsterlân om de oarspronklike Fryske namme oan te nimmen as de offisjele namme. Yngeande maart 1985, in jier nei it riedsbeslút, waard de offisjele namme feroare yn Skarsterlân.
Sitten gemeenteried
bewurkje seksjeDe gemeenteried fan Skarsterlân bestie út 21 sitten. Hjirûnder de gearstallings sûnt 1998:
Gemeenteraadszetels | |||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Partij | 1998 | 2002 | 2006 | 2010 | |||||||||||
FNP | 4 | 4 | 5 | 7 | |||||||||||
CDA | 7 | 7 | 6 | 6 | |||||||||||
PvdA | 5 | 5 | 7 | 4 | |||||||||||
VVD | 3 | 3 | 2 | 3 | |||||||||||
ChristenUnie | 1 | 1 | 1 | 1 | |||||||||||
D66 | 1 | 1 | - | - | |||||||||||
Totaal | 21 | 21 | 21 | 21 |
Plakken
bewurkje seksjeIt haadplak fan de gemeente is de flekke De Jouwer. De oare plakken yn de gemeente binne:
|
|
|
(tusken skrapkes it ynwennertal op 1 jannewaris 2008)
Buorskippen
bewurkje seksjeNeist de offisjele kearnen leine yn de gemeente de buorskippen:
|
Taal
bewurkje seksjeFrysk is foar 65% fan de Skarsterlanners de memmetaal. Njonken it Frysk wurdt ek Nederlânsk (foar 26% fan de ynwenners de memmetaal), Stêdsk (3%) en Stellingwerfsk (1%) yn de gemeente strutsen. In útlânske taal is foar 1% fan de minsken de memmetaal.[6]
Untwikkeling ynwennertal
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|