[go: up one dir, main page]

Robert Owen (Newtown, 14 maaie 1771 – dêre, 17 novimber 1858) wie in sosjale herfoarmer út Wales. Hy wurdt beskôge as de heit fan de koöperative beweging.

Robert Owen

Robert Owen waard berne yn 1771 as seisde bern fan in sealmakker en hoefsmid yn Newtown, Wales. Robert wie in tige yntelligint en learderich bern. Nei njoggen jier nei skoalle gien te hawwen rekke er yn in pleatslike winkel oan it wurk. Hjir hat hy in jier wurke en gie doe nei Londen. Mei syn broer dy't dêr wenne kaam er yn de kunde mei in spinner dêr't er foar wurkjen gie. Hy hat in skoftke wurke mar wie al rillegau wer fuort nei in grutte spinnerij yn Londen. Hjir hy hy it tige swier en nei in pear moanne gie er al wer fuort. Hy ferhuze nei Manchester en begûn dêr in eigen weverij mei trije wurknimmers. Dizze ûndernimming die it goed. Sa koe Robert manager wurde yn in grutte weverij en hjirnei waard hy "master katoenspinner" en úteinlik waard hy partner yn de Chorlton Twist Company.

Doe't Robert seisentweintich wie boaske hy mei Caroline Dale waans heit in grutte weverij hie yn New Lanark. Robert naam nei in skoft de weverij oer en begûn alles op te knappen. Der wurken 1500 à 2000 minsken, wêrfan 500 bern. De wurkomstannichheden wienen min: de fentilaasje wie striemin wêrtroch't de minsken altyd koartamich wienen en de wurkdagen wienen lang tsjin lege leanen. De bern dy't der wurken wienen net of hast net oplieden. Dêrom betocht Robert wat nijs foar dizze bern: hy liet se learling-wever wurde en lei de ferantwurdlikheid by harren learmasters. Mar dit late yn it earstoan net ta resultaat wêrtroch't de libbensomstannichheden fan learlingen min bleaunen. Ek de omstannichheden fan de arbeiders wienen beroerd en it alkoholmisbrûk lei heech.

 
(in) "A bird's eye", oansjen fan de mienskip yn New Harmony, Indiana, United States, foarsteld troch Robert Owen. Tekening F. Bate, London 1838.
 

Robert woe in eksperimint begjinne, mar moast dêrfoar it betrouwen hawwe fan de arbeiders. Dit krige hy doe't de Amerikanen gjin katoenfezels mear leveren. De weverij lei 4 moannen stil, mar Robert Owen betelle syn arbeiders gewoan troch. Hjirmei hie hy in soad betrouwen wûn en no koe hy begjinne mei syn eksperimint. As earste besocht hy de wurkdagen te ferkoartsjen fan 13 nei 10 oere. Mar dit waard ûnder druk fa syn partners opkeard, de wurkdei waard krekt oarsom ferlinge nei 14 oeren deis. Mar oare herfoarmingen hienen mear súkses, want der waard in minimumleeftyd ynfierd. Dizze wie minimaal 10 jier en alle bern út de omkriten waarden oannomd. Hy liet ek de arbeidershuzen opknappe en liet de strjitten betegelje. Der waard in kosteleaze skoalle iepene. Hy betocht ek noch in systeem om it gedrach te ferbetterjen: Hy makke buordsjes (silent monitors) yn ferskillende kleuren swart= min, blau = ûnferskillich, giel = goed, en wyt = treflik. Nei in skoftke wienen der allinnich mar giele en wite buordsjes!

It eksperimint wie slagge, syn wurknimmers mochten him graach lije en wurken hurd troch. Owen hat noch twa sosjale eksperiminten dien mar dy binne mislearre. Wol stiet fêst dat Owen in soad ynfloed hân hat op it skoalsysteem, yn it fabryk en yn de maatskippij. Robert Owen ferstoar op 17 novimber 1858.

Wikimedia Commons  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Robert Owen fan Wikimedia Commons.