[go: up one dir, main page]

Delta (rivier)

(Trochferwiisd fan Rivierdelta)

In rivierdelta is in stelsel fan ôfspjaltingen fan in rivier, foardat dy yn see of yn in grut mar útrint. De Grykske histoarikus Herodotus fierde dizze namme yn doe't hy de Nyl beskreau yn syn Histoarjes en de opfallende foarm op de Grykske (haad)letter delta (Δ) lykjen fûn. De Nyl hat dan ek ien fan de bekendste rivierdelta's. Letter binne mear mûnings dêr't rivieren grutte protten sedimint fuort by de mûning ôfsette ek delta's neamd, al hawwe sokken lang net altiten in trijehoekige foarm hawwe.

De Nyldelta út de romte wei sjoen
De Lenadelta dy't útmûnet yn de Laptevsee; beslacht sa'n 45.000 km² en is hast ûnbewenne

Deltastêden en klimaatferoaring

bewurkje seksje

In soad rivierdelta's lizze leech. De tichtbefolke rivierdelta's binne dêrom gefoelich foar gefolgen fan de klimaatferoaring. Stêdsbestjoeren fan deltastêden oer de hiele wrâld wurkje gear yn it inisjatyf Connecting Delta Cities om de gefolgen fan de klimaatferoaring yn goede banen te lieden. Stêden dy't mei elkoar gearwurkje binne ûnder mear Djakarta, Rotterdam, Aleksandrje, Ho Chi Minh stêd, New Orleans, New York, Hamburg en Londen.

Nederlân bestiet foar in grut part út it deltagebiet fan de rivieren Ryn, Maas en Skelde. Harren mûningen, dy't meast ferbrede binne ta estuaria, lizze yn de provinsjes Seelân en Súd-Hollân. Ek de Betuwe, de Bommelerwaard en parten fan it Griene Hert hearden oarspronklik ta de delta fan de Ryn en de Maas. De measte riviertakken kamen net streekrjocht yn de iepen see út, mar yn de sompige lagune efter de Hollânske strânwâl. De Ryntakken Isel en Fecht foarmen lytse delta's yn de eardere Sudersee.