Rinkeleinen
De rinkeleinen (Bucephala) foarmje in fûgelskaai út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De namme is ôflaat fan it Grykske βουκεφαλος (boukephalos), dat okse- of bollekop betsjut. De namme ferwiist nei de yn ferhâlding grutte kop fan 'e einen, dy't fral by de buffelkopein opfalt.
Rinkeleinen | ||
Pearke rinkeleintsjes. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | goes- en hineftigen (Galloanserae) | |
skift: | goeseftigen (Anseriformes) | |
ûnderskift: | echte goeseftigen (Anseres) | |
boppefamylje: | goesfûgels (Anatoidea) | |
famylje: | einfûgels (Anatidae) | |
skaai | rinkeleinen (Bucephala) | |
Baird, 1858 | ||
Soarten
bewurkje seksjeIt skaai bestiet út trije soarten:
Jerk ♂ | Wyfke ♀ | Wittenskiplike namme |
Fryske namme |
Status |
---|---|---|---|---|
Bucephala albeola | buffelkopein | net bedrige | ||
Bucephala clangula | rinkelein | net bedrige | ||
Bucephala islandica | Yslânske rinkelein | net bedrige |
Fiif oare soarten binne allinne fan fossilen bekend.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bucephala fan Wikimedia Commons. |