[go: up one dir, main page]

Rinfuorge

(Trochferwiisd fan Rinfuorgen)

In rinfuorge is in fuorgefoarmige gang yn de grûn dy't soldaten beskermet tsjin fijannich fjoer. Rinfuorgen binne troch gâns de histoarje brûkt. Bygelyks brûkten Julius Caesar syn troepen al rinfuorgen. De tapassing op grutste skaal hat lykwols yn de Earste Wrâldkriich west.

In rinfuorge mei soldaten.

Earste Wrâldkriich

bewurkje seksje

Ferdigeningslynjes yn de earste Wrâldkriich waarden foarme troch:

  • De earste liny, foarme troch foarposten, mitrailleursnesten ensfh. Dy wienen troch lytse rinfuorchjes mei de haadliny ferbûn;
  • De haadliny, de eigentlike rinfuorge. Hjir sieten de soldaten en koenen se harren ferpleatse;
  • It efterlân. Dit wie mei lytse rinfuorgen en spoarwegen mei de haadliny ferbûn.

Tusken de Dútske en alliearde rinfuorgen lei in stripe modder, omploeid troch granaateksploazjes en ynfantery, en besiedde mei lânminen en stikeltried. Dit wie it nimmenslân. It ienige dat groeide op it nimmenslân en in de rinfuorgen wie de Klaproas. Dêrom stiet dizze blom symboal foar de Earste Wrâldkriich.

It libben yn de rinfuorge wie as in nachtmerje. Rinfuorgen foarmen, benammen yn’e maaitiid, de winter en de hjerst, modderige geulen dêr’t men oan de knibbels ta yn de dridze sakke. Alles waard fochtich en smoarch, en it wetter krong troch klean en learzens hinne. Dit late ta "rinfuorgefuotten", it opswollen, ynfektearen en ôfstjerren fan de foet troch de wiete en ûnhygiënyske omstannichheden. Liken leinen hjir en der en foarmen in boarne fan ynfeksjes. Op itensresten kamen rôten ôf, dy’t har hurd fermannichfâldigen. Allinnich as it front langere tiid fêstlei, waard it in bytsje better.

 
Nimmenslân.

By offensiven wie it noch slimmer. De ferdigeners (meastal de Dútsers) waarden oan artillerybombardeminten bleatsteld, soms dagen oanien. Dêrnei lutsen de oanfallers troepen gear en rjochten de artillery op de fijanlike rinfuorge. At tocht waard dat alle fijanlike artillery en mitrailleursnêsten útskeakele wienen, foel de ynfantery oan, ûnder dekking fan granaatfjoer. Soms wie de koördinaasje net goed: dan ferlearen de soldaten harren dekking of waarden troch de eigen artillery besketten. Dat lêste waard lykwols ek wolris mei opsetsin dien as de ynfantery net hurd genôch opskeat. Sa makken de soldaten de oerstek oer it nimmenslân nei de fijanlike rinfuorge.

De ferdigeners wisten lykwols meastal al troch de dagenlange bombardeminten wat der barre soe en lutsen har foar in part werom of groeven harren djip yn. Hjirtroch ûntstie in saillant, in útstulping fan it front, dêr't de oanfallende artillery yn klem te sitten kaam. Mitrailleursnêsten oan de flanken iepenen it fjoer en ferdigenjende artillery teach op wylst de oanfallende artillery faak te traach wie omdat dizze fêst te sitten kaam yn 'e modder fan it nimmenslân. Sa hielendal sûnder dekking waard de oanfallende ynfantery hast hielendal ôfslachte, yn in soad gefallen oant en mei de lêste man. Yn 1915 wienen der in soad fan sokke lytsere oanfallen.

Dútsers hienen oer it algemien bettere rinfuorgen as de Alliearden. De Alliearden teagen faker op as de Dútsers en koenen net sa lang op itselde stee bliuwe. Neist alle smoargens dy’t ek in soad syktes meibrochten, makken ek saken as kontinuë eangst, iensumens en ientoanigens it libben ta in hel foar de soldaten.

By dagenlange besjittings of yn tiden fan koade read wie de eangst om te stjerren ûndraachlik west. Ferhalen fertelle oer soldaten dy’t in sigaret opstutsen en troch it opljochtsjen hjirfan in doelwyt waarden foar slûpsjitters.

 
Australyske soldaten mei gasmaskers yn in rinfuorge by Iper, 1917.

Iensumens kaam in soad foar. Freonskippen tusken manlju duorren selden langer as ien moanne, ek al troch de ôfgryslike grutte oantallen slachtoffers. Iensumens late faak ta frjemde symptomen. Guon manlju sleaten freonskippen ôf mei rôten of foarwerpen en beseagen harren as famylje, oaren praten oan ien trie wei yn harsels of tsjin deade lichems. It ûntbrekken fan froulju resultearre yn seksuele relaasjes tusken de ferskillende manlju.

De ientoanigens fan in soldatebestean soarge nei de oarloch by oerlibjenden foar it saneamde ‘rinfuorgesyndroom’. In soad manlju koenen harren âlde libben net mear opkrije en libben troch mei deselde eigenaardichheden as yn de rinfuorgen.

De krystbestannen

bewurkje seksje

Om Krysttiid 1914 hienen de waarsomstannichheden de oarlochshannelingen hast ûnmooglik makke. Beide legers leinen tsjin inoar oer yn de rinfuorgen. In sfear fan "libje en libje litte" ûntstie. Om de Krystdagen fierden guon soldaten sels by de fijân Krysttiid yn de rinfuorgen, om in krystbeam hinne, en waarden kado’s útwiksele. De dei dêrnei folge in fuotbalwedstryd yn it nimmenslân, dy’t de Dútsers wûnen. De singeliere sitewaasje oan dizze fronten duorre mar in pear dagen. Der waard sels warskôge at der in oanfal kaam. As der yn de rinfuorgen besite kaam fan de legerlieding waard de tsjinstanner op’e hichte brocht en waard der wakker oer en wer sketten, oer de hollen hinne. It inisjatyf ta dit bestân waard yn it earstoan troch de Dútske troepen nommen. In dei letter waarden alle liken dy’t noch yn it nimmenslân lêinen oprêden.

De earste krystbestannen ûntstienen yn Flaanderen op inisjatyf fan Dútske soldaten en dan noch benammen Saksyske en Beierske troepen. De Prusyske troepen dienen nea mei oan dizze bestannen. Oan de oare kant wienen it benammen Britske troepen dy’t meidienen oan dizze ferbruorringen. Belgen en Frânsken dienen der folle minder oan mei.

Ien fan de nuveraardichste foarfallen wie yn Diksmuide dêr’t op twadde Krystdei de Dütske soldaten, fan in rezjimint út Beieren, oan de Belgyske soldaten oan de oare kant fregen oft der ek in preester by harren wie. Even letter kaam de Belgyske kommandant Lemaire op it stee oan, tegearre mei rezjimintspreester Sabin Vandermeiren. Hja waarden oansprutsen troch in Beierske kommandant mei in Ingelske namme: majoar John William Anderson. Dy hie yn de koalekelder fan in fjildsikehûs in gouden monstrans fûn en woe dy werom jaan oan de Belgen. De oerdracht wie op de tichtferzen Izer. De monstrans stiet no tentoansteld yn de Izertoer fan Diksmuide.

De Alliearde en Dútske opperbefelhawwers rekken lykwols yn panyk. Men seach dit as oproer en heechferrie. De heitelânstrou fan de soldaten wie lykwols sterker: de Krystbestannen wienen mar in besykjen west om der it bêste fan te meitsjen, omdat der troch de waaromstannichheden dochs gjin offensiven te ferwachtsjen wienen. Doe’t de maaitiid ienris begûn wie, fjochten deselde soldaten wer fierder. Dochs noadigen de Dútske soldaten de Alliearde manskippen op en nij út foar in krystbestân doe’t Krysttiid 1915 nadere. Nettsjinsteande drigeminten fan ofsieren gienen de soldaten hjirop yn, en fannijs wienen der taferielen fan feriening.

 
Ierske soldaten yn in rinfuorge ûnder de Slach by de Somme, 1916.

De legerlieding wie poerrazend: dit moast ôfrûn wêze! Yn de hjerst fan 1916 drige de legerlieding de artillery op de ynfantery te rjochtsjen as dy harren freonskiplik mei de fijân ynliet. Legere ofsieren en soldaten soenen stânrjochtlik eksekutearre wurde. Dútske of alliearde soldaten dy’t mei de krystdagen 1916 it nimmenslân betrieden of kontakten sochten mei de fijân fleagen de kûgels no om’e earen. Der kaam gjin Krystbestân dat jier, en likemin yn 1917.