[go: up one dir, main page]

Pûsjkinmuseum

(Trochferwiisd fan Poesjkinmuseum)

It Poesjkinmuseum (Russysk: Музей изобразительных искусств имени А.С. Пушкина, Moezej izobrazitelnych iskoesstv imeni A.S. Poesjkina; letterlik "A.S. Poesjkinmuseum foar byldzjende keunsten") is it grutste museum foar Jeropeeske keunst yn Moskou en stiet tsjinoer de Kristus Ferlosserkatedraal.

Poesjkinmuseum
 
Giambattista Pittoni:
Dea Sophonisba
 
Ivan Tsvetaev (1847-1913)
 
Vincent van Gogh:
Rin fan de finzenen
 
Vincent van Gogh:
De reade wyngerd

It Pûsjkinmuseum is yn 1912 oprjochte. It is yn 1937 neamd nei de Russyske dichter Aleksandr Poesjkin, mar dat is misliedend, want it hat neat mei him te dwaan. It hie better west om it museum nei de stifter dêrfan te neamen, professor Ivan Tsvetaev.

It neoklassisistysk museum waard ûntwurpen troch Roman Klein en Vladimir Sjoechov. Oer de bou waard 14 jier dien en it museum waard op 31 maaie 1912 iepene.

Italjaanske keunstners

bewurkje seksje

Under mear wurk fan: Giambattista Pittoni.

Nederlânske keunstners

bewurkje seksje

Vincent van Gogh, Rembrandt, Hendrick Avercamp, Nicolaes Berchem, Abraham fan Beijeren, Jan Both, Pieter Claesz, Albert Cuyp, Gerbrand fan de Eeckhout, Carel Fabritius, Govaert Flinck, Jan fan Goyen, Dirck Hals, Willem Claesz Heda, Pieter de Hooch, Willem Kalf, Nicolaes Maes, Gabriel Metsu, Adriaen fan Ostade, Paulus Potter, Jacob fan Ruisdael, Salomon fan Ruysdael, Jan Steen, Gerard ter Borch, Simon de Vlieger, Jan Weenix en Emanuel de Witte.

Oare keunstners

bewurkje seksje

Under mear wurk fan: Paul Cézanne, Claude Monet, Pablo Picasso, Gauguin en Henri Matisse.

Oare kolleksje

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje