[go: up one dir, main page]

Piet Jetze Faber (Stiens, 14 desimber 1955) wie in topkeatser fan Stiens, letter fan Froubuorren.

Faber ferbettere de 876 punten fan Hotze Schuil yn it ivich keatsklassemint ta 885 en is dêrmei de suksesfolste keatser ea. Fan fan 1975 oan en mei 1990 hat er acht kear de PC wûn en as iennichste hat er fjouwer kear kening fan de PC west.

Nei it keatsen is Faber aktyf bleaun as hurdrinner. Fierders is er sûnt 2004-2004 rayonhaad yn It Bilt by de Alvestêdetocht.

  • 1971 Freulepartij 1e priis
  • 1973 Bûnspartij senioaren / NK 9e priis
  • 1973 Jong Nederland / NK junioaren 3e priis
  • 1974 Bûnspartij senioaren / NK 4e priis
  • 1974 Jong Nederland / NK junioaren 6e priis
  • 1974 PC 4e priis
  • 1975 Bûnspartij senioaren / NK 5e priis
  • 1975 Jong Nederland / NK junioaren 2e priis
  • 1975 PC 1e priis
  • 1976 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1976 PC 1e priis
  • 1977 Jong Nederland / NK junioaren 2e priis
  • 1978 PC 2e priis
  • 1979 PC 1e priis (K)
  • 1980 PC 1e priis (K)
  • 1981 PC 1e priis
  • 1982 Bondspartij senioaren / NK 9e priis
  • 1982 PC 1e priis (K)
  • 1983 PC 1e priis (K)
  • 1984 PC 2e priis
  • 1985 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1985 PC 2e priis
  • 1986 Bûnspartij senioaren / NK 3e priis
  • 1987 Bûnspartij senioaren / NK 1e priis
  • 1987 PC 4e priIs
  • 1988 Bûnspartij senioaren / NK 5e priis
  • 1988 PC 2e priis
  • 1990 PC 1e priis
  • 1991 PC 3e priis

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: