Piet Esser
Vincent Pieter Semeyn (Piet) Esser (Baarn, 9 maart 1914 – Saint-Cybranet (Dordogne), Frankryk, 19 novimber 2004) wie in Nederlânske byldhouwer.
Libbensrin
bewurkje seksjePieter Esser folge fan 1934 oant 1939 lessen oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam by Jan Bronner. Yn 1938 wûn hy in sulveren medalje fan de Prix de Rome. Hy wie as opfolger fan Bronner heechlearaar oan de Ryksakademy yn Amsterdam fan 1946 oant 1979. Beroemde learlingen fan Esser binne Jan Wolkers en Jon Gardella.
Piet Esser kin beskôge wurde as ien fan de belangrykste Nederlânske portretbyldhouwers fan de tweintichste iuw en hat teffens fan grutte betsjutting west foar de Nederlânske pinningkeunst. Hy liede dêryn tsientallen keunstners op.
Hy wurdt sjoen as lid fan de Groep fan de figurative abstraksje.
Syn portret fan Charlotte van Pallandt wurdt as ien fan de bêste út syn oeuvre rekkene. Sels fûn hy syn portretten fan Jan Buys en Else Mauhs it meast slagge.
Essers frou Dora Esser wie akwarelliste.
Bekende wurken
bewurkje seksjeWurken fan Esser binne:
- Troelstramonumint yn De Haach
- Brederomonumint oan de Nieuwmarkt yn Amsterdam (sêne út De Spaanschen Brabander) (1968)
- Wettersneed 1953 yn it byldepark fan Museum Boijmans van Beuningen, Rotterdam (1957)
- De barmhertige Samaritaan yn Amsterdam (1976)
- Mausoleum op de Paasberch yn Ede (1947).
- byld Cornelis Lely op de Pylder fan Lely (1984, setten 2002)- it byld is yn 2003 op fersyk fan de keunstner weihelle.
-
Troelstramonumint yn it Westbroekpark, De Haach
-
Bredero, Amsterdam
-
De schaatsenrijder, Utert
-
Ir. Cornelis Lely, Lelystêd