Pas-de-Calais
Pas-de-Calais is in Frânsk departemint yn de regio Hauts-de-France. De namme fan it departemint ferwiist nei it Nau fan Calais.
Pas-de-Calais | |
---|---|
Lokaasje fan it departemint Oise (read) yn Frankryk. | |
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | departemint |
lân | Frankryk |
regio | Hauts-de-France |
haadplak | Arras |
grutste plak | Calais |
departemintsnûmer | 62 |
sifers | |
ynwennertal | 1.466.743 (2018) |
oerflak | 6.671 km² |
befolkingstichtens | 220 / km² |
oar | |
stifting | 1790 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50°57′ N 1°51′ E |
webside | pas-de-calais.fr |
Skiednis
bewurkje seksjePas-de-Calais is ien fan de 83 departeminten, dy't oprjochte waarden yn de tiid fan de Frânske Revolúsje.
Fan 1960 oant 2015 hearde it departemint Pas-de-Calais by de regio Nord-Pas-de-Calais, dy't yn 2016 yn de regio Hauts-de-France opgyng.
It gebiet fan Pas-de-Calais komt foar it grutste part oerien mei it histoaryske greefskip Arteezje.
Geografy
bewurkje seksjeIt departemint grinzget yn it westen en noardwesten oan It Kanaal en de Strjitte fan Dover, yn it noardeasten oan it departemint Nord en yn it suden oan it departemint Somme. De gemeenten Boursies, Doignies en Mœuvres foarmje in eksklave fan it departemint Nord yn it departemint.
Karakteristyk foar it gebiet wiene de minen en swiere yndustry. Troch it sluten fan minen en oare bedriuwen hat Pas-de Calais te krijen mei in relatyf hege wurkleazens en in soad sosjale problematyk.
Wichtige rivieren yn it departemint binne de Authie, Canche, Ternoise, Liane, Sensée, Scarpe, Deûle, Lys en Aa.
De kust bestiet fral út strân, mar hat ek in pear kliffen: de krytrots Cap Blanc-Nez fan 134 meter en de 45 meter hege Cap Gris-Nez fan sânstien. Oan de oare kant fan it wetter lizze de kliffen fan Dover. It heechste punt fan Pas-de-Calais is de Mont Anor mei in hichte fan 271 meter.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeIt departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 7 arrondisseminten, 39 kantons en 890 gemeenten
Arrondissemint | Ynwenners 01.01.2018 | Oerflak (km²) | Ynwenners/km² | Kantons | Gemeenten |
---|---|---|---|---|---|
Arras | 249.196 | 2.259,65 | 110 | 8 | 357 |
Béthune | 293.034 | 712,22 | 411 | 8 | 104 |
Boulogne-sur-Mer | 158.258 | 640,50 | 247 | 4 | 74 |
Calais | 157.185 | 598,80 | 263 | 4 | 263 |
Lens | 368.212 | 353,12 | 1.043 | 9 | 50 |
Montreuil | 111.519 | 1.330,72 | 84 | 5 | 164 |
Saint-Omer | 129.339 | 819,95 | 158 | 5 | 89 |
Departemint Pas-de-Calais | 1.466.743 | 6.714,96 | 218 | 39 | 890 |
Befolkingsûntwikkeling departemint Pas-de-Calais sûnt 1962
bewurkje seksjeJier | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2008 | 2015 | 2018 |
Ynwenners | 1.366.248 | 1.397.099 | 1.402.295 | 1.412.413 | 1.433.203 | 1.441.568 | 1.459.531 | 1.472.648 | 1.477.743 |
Boarnen: Cassini en INSEE |
Stêden
bewurkje seksjeDe grutste gemeenten yn it departemint neffens ynwennertal binne:
Stêd | Ynwennertal | Arrondissemint |
---|---|---|
Calais | 72.929 | Calais |
Arras | 41.555 | Arras |
Boulogne-sur-Mer | 40.664 | Boulogne-sur-Mer |
Lens | 31.606 | Lens |
Liévin | 30.423 | Lens |
Hénin-Beaumont | 25.917 | Lens |
Béthune | 25.193 | Béthune |
Bruay-la-Buissière | 21.851 | Béthune |
Avion | 17.583 | Lens |
Carvin | 17.399 | Lens |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pas-de-Calais fan Wikimedia Commons. |