[go: up one dir, main page]

Karspel

(Trochferwiisd fan Parochy)

Karspel of kerspel (Aldfrysk: zerskspel, zerkspul, ziurkspil) is de midsiuwske namme foar parochy, tsjerkedoarp of tsjerkegemeente.

It karspel as gebiet fan in parochy of tsjerklike gemeente wie fanâlds part fan de tsjerklike organisaasje fan in bisdom. De grinzen datearje faak út de 11e of 12e iuw. Fanwege befolkingsgroei en ûntginning fan woaste grûn of spjalting waarden dy grinzen wizige. Nei de reformaasje kaam it by de protestantsk wurden parochys ek ta grinsferoarings. Omdat de grinzen fan in karspel meast deselde wienen as dy fan it richteramt of skoutambt wurdt it wurd karspel ek wolris as synonym dêrfoar brûkt.

Fan de 16e iuw ôf waard it begryp karspel hieltyd mear brûkt om de bestjoerlike ienheid oan te tsjutten dy't nei de Bataafske Revolúsje 1795 de boargerlike gemeente foarmje soe. Somtiids binne by de foarming fan de gemeenten karspels gearfoege ta ien gemeente.

Yn geografyske nammen komt karspel faak foar. Bygelyks wie it gebiet om de stêd Swol hinne oant 1967 in selsstannige gemeente ûnder de namme Swollerkerspel en bestie oant 1966 besuden Weesp de gemeente Weesperkarspel.

Ek de nammen fan de gemeentes Achtkarspelen (de acht tsjerkedoarpen dy't ta it Bisdom Munster hearden) en Harenkarspel (Noard-Hollân) en in tal Noard-Hollânske plakken ferwize noch nei de tsjerklike skiednis. Soms falt in karspel ûnder de parochy fan in plak mar leit it yn in oare gemeente.

Streekoantsjuttingen foar it gebiet dat gearfoel mei it karspel of dat it nivo boppe of ûnder it kerspel foarme, binne ûnder oaren:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl:, Kerspel

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, kerspel.