[go: up one dir, main page]

Oebele Vries (Westergeast, 19 maaie 1947)[1] is in wittenskipper en âld-universitêr dosint oan de Ryksuniversiteit Grins, hy joech dêr les oan de Stúdzje Fryske Taal en Kultuer.

Yn 1990 publisearre er it wurk Het Strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: Dagboek en Herinneringen Januari-Mei 1945, oer it konsintraasjekamp by it Dútske Wilhelmshaven, dêr't yn 'e Twadde Wrâldoarloch in protte lju út Fryslân en de rest fan Noard-Nederlân finzenset waarden. Yn 1999 makke en presintearre Vries fierders in dokumintêresearje foar Omrop Fryslân oer West-, East- en Noard-Fryslân, mei as titel It Oare Fryslân.

Yn 2009 kaam De Vries yn it nijs troch it ûntdekken fan it Stellingwerfske Lânrjocht yn it gemeente-argyf fan Arnhim. Ek yn 2009 krige De Vries de dr. Joast Halbertsmapriis, foar syn wurk op it mêd fan de Fryske skiednis, de Fryske taalskiednis en de Aldfryske filology.[2]

Op 25 maaie 2012 naam Vries ôfskie fan de Universiteit fan Grins en gie mei pinsjoen. By syn ôfskie waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

  • Het Heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid, proefskrift. Uitgeverij De Tille-Leeuwarden, 1986
  • Het Strafkamp voor Nederlanders in Wilhelmshaven: Dagboek en Herinneringen Januari-Mei 1945, Assen, 1990 (ISBN 9 07 19 18 270).
  • Asega is it dingtiid?, De hichtepunten fan de Aldfryske tekstoerlevering, Utjouwerij Bornmeer, 2007
  • Boer Gerben Feitsma, portret fan in Frysk NSB-boargemaster, Utjouwerij Bornmeer, 2008
  • Bernardus Bucho Aytta fan Swichum, Utjouwerij Bornmeer, 2009.
  • De taal van recht en vrijheid, stúdzjes oer midsiuwsk Fryslân. Utjouwerij Bornmeer, 2012.
  • Ferdban. Oudfriese oorkonden en hun verhaal. Utjouwerij Noordboek, 2021.
  • In ekstremist út Westergeast. Jan Bartele Vries, syn libbensgong, syn tinkwrâld. Utjouwerij Bornmeer, 2023.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oebele Vries, Digitale Bibleteek foar Nederlânske Letteren
  2. Oebele Vries wint de dr. Joast Halbertsmapriis, Frysk Deiblêd