[go: up one dir, main page]

Nieuwpoort (Belgje)

Nieuwpoort is in stêd en baaiplak oan de Belgyske kust. Nieuwpoort bestiet út twa dielen, Nieuwpoort-Stad en Nieuwpoort-Bad. Dêrnjonken hearre ek de doarpen Sint-Joris en Ramskapelle by de gemeente. De stêd hat goed 11.600 ynwenners.

Nieuwpoort
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 11.623 (2023)[1]
Oerflak 31,00 km²
Befolkingsticht. 374,9 ynw./km²
Oar
Postkoade 8620
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 7' N 2° 45' E
Offisjele webside
webstee Nieuwpoort
Kaart
Nieuwpoort (West-Flaanderen)
Nieuwpoort

Yn Nieuwpoort mûnet de Izer oer de Ganzepoot yn de Noardsee.

Foar it earst waard Nieuwpoort yn 1150 as Isera Portus neamd. Letter waard oer Neo Portus en Novum Oppidum skreaun. Novus Portus (Nieuwpoort) is de namme dy't lang om let bleau. Nieuwpoort ("de nije haven") wurdt sa neamd ta ûnderskieding fan de âlde haven yn Lombardsijde oan de oare kant fan de Izer.

Nieuwpoort heart ta de rige havenstêden dy't troch de Flaamske greven Diederik fan de Elzas en Filips fan de Elzas stifte binne om it ekonomysk libben oan de Noardseekust oan te trunen. Oare stêden dy't ta dizze rige hearre binne Grevelingen, Mardijk, Dúntsjerk, Damme en Biervliet. Yn de 13e en 14e iuw hie Nieuwpoort te lijen fan Frânske (1213 en 1299) en Gintske (1383) plonderers.

Yn 1489 foelen Brugge, Frânsen en Gint de stêd oan. Jan Turpin, doe boargemaster fan de stêd, rôp de help yn fan de froulju dy't, neffens in pleatslike kronykskriuwer, soo cloeckelijkcke fochten as amazones. Ut tankberens foar de oerwinning makken de ynwenners fan Nieuwpoort nei alle gedachten doe harren earste reus. Iuwen letter, by it bouwen fan in nije reus yn 1926, betocht it reuzegild dy striid mei de bou fan de reus 'Jan Turpin'.

 
Nieuwpoort yn 'e 17e iuw

Ein 16e en begjin 17e iuw wiene der ferskate hekseprosessen yn Nieuwpoort. Fan 'e 31 fertochte boargers (hast allegear út Nieuwpoort) ferstoaren úteinlik 18 op 'e brânsteapel. Yn 2012 folge de rehabilitaasje fan de slachtoffers mei in offisjele betinkingsplakette.

Nieuwpoort is fral bekend fan de Slach by Nieuwpoort yn 1600 tusken de Republyk en de Spaanske troepen. Yn de 17e en 18e iuw hiene de bewenners fiif kear te krijen mei de Frânsen (1647, 1658, 1745, 1793 en 1794). Yn 1717 kaam Peter de Grutte op besite. Ein 17e iuw en yn 'e earste helte fan de 18e iuw wie de stêd ien fan de fersterke stêden dy't diel útmakken fan de Nederlânske festingbarriêre yn Súd-Nederlân.

Op Ferrariskaarten út de jierren 1770 is Nieuwpoort te sjen as Nieuport. It wie in lyts stedsje, folslein omfieme troch in stedsmuorre en in grutte grêft. It strjittepatroan wie regelmjittich ferdield yn rjochthoekige blokken. Yn 'e noardwestlike en súdeastlike hoeken fan 'e stêd leine beammehôven. Hast alle hûzen hiene in stikje bou en nei it west ta wie in houten wynmûne, wylst de tsjerke hielendal yn it suden stie.

 
Fjochtgroppe mei Soeaven op it strân fan Nieuwpoort yn de Earste Wrâldkriich

Yn 1856 waarden de beheiningen foar Nieuwpoort as garnizoensstêd opheft. Fan 1861-1866 waarden de fêstingwurken ôfbrutsen. Sa ûnstie de mooglikheid foar Nieuwpoort om út te wreidzjen. Ek it kusttoerisme sette útein, fral nei de oanlis fan in spoarferbining, wêrtroch't Nieuwpoort-Bad ûntstie. Op 15 augustus 1869 kaam de earste trein op it stasjon mei kening Leopold II as passazjier oan.

Yn 'e Earste Wrâldkriich yn de Slach oan de Izer rekke Nieuwpoort tige slim skansearre. It wie it plak dêr't it Belgyske leger stân hold nei't yn 'e nacht fan 29 op 30 oktober 1914 in detasjemint mei skipper Hendrik de sluzen fan Veurne-Ambacht iepene om it gebiet súdwestlik fan de Izer ûnder wetter te setten.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard it haven- en kusttoerisme yn Nieuwpoort fierder útwreide mei de anneksaasjes fan oanbuorjende plakken, wermei't it grûngebiet fan 'e stêd fjouwerris grutter waard. Yn 1971 waarden de gemeenten Ramskapelle en Sint-Joris tegearre mei in part fan Westende folslein by Nieuwpoort yndield, sadat it oerflak hast wer ferfjouwerfâldige nei 29,67 km².

Gemeenteyndieling

bewurkje seksje

It âlde Nieuwpoort leit mear as trije kilometer fan 'e kustline. Oan de kust is lykwols in twadde sintrum ûntstien, it toeristyske Nieuwpoort-Bad. Gebouwen oan de fiskershaven en de Albert I Leane ferbine de twa dielen mei inoar. Njonken Nieuwpoort hearre twa lytse polderdoarpen by de gemeente, nammentlik Sint-Joris en Ramskapelle.

Nû. Namme Oerflak Ynwennertal
1999
Kaart
I Nieuwpoort 10,18 9.437  
II Sint-Joris 5,54 259
III Ramskapelle 15,28 555

Befolkingsferrin

bewurkje seksje

Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente (dus ynklusyf de dielgemeenten), lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarne:NIS, 1831 oan en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter binne de ynwennertallen op 1 jannewaris.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Stedhûs
  • It hjoeddeiske stedhûs waard yn 1922 boud oan it Marktplein yn Flaamske renêssânsestyl. It âlde stedhûs dat eartiids yn 'e Langestraat stie, waard yn de Earste Wrâldkriich ferneatige. Yn it gebou wurdt in rike keunstsamling bewarre.
  • De Us-Leaffrouwetsjerke waard nei de Earste Wrâldkriich yn de jierren 1920 wer opboud neffens de oarspronklike goatyske tsjerke. De bou fan de hast frijsteande toer folge pas yn 1952.
  • Tegearre mei Nieuwpoort-Bad waard ek de Sint-Bernardustsjerke hast folslein ferneatige. It hjoeddeiske gebou datearret fan 1923 en is in ûntwerp fan Pierre Vandervoort.
  • It belfort fan Nieuwpoort is in rekonstruksje út 1921-1923 fan de yn de Earste Wrâldkriich opblaasde toer en is mei oare belforten yn Frankryk en Belgje wrâlderfgoed.
 
Albert I Monumint
  • Oan de rjochterkant fan de Izer, krekt bûten de âlde binnenstêd, stiet it Kening Albertmonumint. It oarlochsmonumint waard yn 1938 neffens ûntwerp fan Julien de Ridder boud ta eare fan kening Albert I en de Belgyske troepen yn 'e Earste Wrâldkriich.
  • Ta neitins oan de oerwinning by de Slach by Nieuwpoort op 2 july 1600 stiet yn it Prins Mauritspark in monumint foar Maurits fan Oranje.
  • By it slúzekompleks "De Ganzepoort" komme seis ferskillende wetterferbinings by inoar, dy't oer it sluzekompleks en de mûning fan de Izer mei de Noardsee ferbûn wurde.
  • De "White Residence", eartiids "Le Grand Hôtel", is in grut art decogebou út 1924 op 'e seedyk fan Nieuwpoort-Bad.
  • De reus Jan Rupin is de ien fan de acht reuzen fan Nieuwpoort en de grutste fan allegear. De reus is 11,4 meter heech en weget 700 kilo. Hy wurdt droegen troch 24 minsken en is sels de grutste droegen reus fan Europa.

Militêre begraafplakken

bewurkje seksje
  • Sint-Joris: Ramscappelle Road Military Cemetery (Britsk militêr begraafplak).
  • Ramskapelle: Belgysk militêr begraafplak.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Nieuwpoort (België)


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen 
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
  ·   · Berjocht bewurkje