[go: up one dir, main page]

Nasjonalisme

(Trochferwiisd fan Nasjonalist)

It nasjonalisme is in politike ideology, dêr't de eigen identiteit fan in folk as de kultuer, taal en skiednis yn ferhearlike wurdt en de ienheid fan it lân foarop stiet. As politike streaming hat it in grutte ynfloed hân op de wrâldskiednis en de foarming fan steaten.

Politike ideology
Side út de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

Ynspirearre troch it wurk fan de Frânske filosoof Jean-Jacques Rousseau dy't yn syn boek Du contrat social fan 1762 it begryp "volonté générale" folkssoevereiniteit yntrodusearre, ûntstie it as politike streaming op de ein fan de 18e iuw en wie tidens de 19e iuw en de earste helte fan de 20e iuw ien fan de grutste politike bewegingen.